Nij tydskrift foar bange wittenskippers

novimber 12, 2018 22:18

In groep wittenskippers út ferskate lannen hat in nij tydskrift oprjochte: The Journal of Controversial Ideas. It tydskrift ferskilt benammen fan oare tydskriften trochdat it eksplisyt folslein apolityk is en trochdat wittenskippers deryn publisearje meie ûnder in skûlnamme.

It tydskrift kin in útkomst wêze foar wittenskippers yn diktatueren dêr’t ferfolging wankt, mar it is wis ek ornearre foar wittenskippers yn it Westen waans baan en priveelibben yn gefaar komme troch fûle reaksjes op ûndersyk dat net polityk korrekt achte wurdt.

De oprjochters binne fan betinken dat de frije útwikseling fan ideeën hjoed de dei beheind wurdt troch selssinsuer. Jeff McMaham, perfester foar moraalfilosofy oan de universiteit fan Oxford, seit: “Der is wier in driuwend ferlet fan in frijere diskusje. Op universiteiten wurde minsken hieltyd skrutener om har frij te uterjen, om’t se bang binne foar wat der barre kin. De benaudens komt fan lofts sawol as fan rjochts. Bûten de universiteit is de driging meast rjochts. Op ‘e universiteiten sels komme de bedrigings fan it frije wurd en de akademyske frijheid foaral fan lofts.”

Hoewol’t bydragen ûnder in skûlnamme publisearre wurde kinne, wurde stikken like kritysk besjoen as yn oare wittenskiplike tydskriften, seit McMahan.

McMahan hat sels kollega’s wa’t it libben dreech makke waard troch harren wurk. Hy neamt as foarbyld de histoarikus perfester Nigel Bigger, dy’t yn ‘e eagen fan kritisy te posityf wie oer de gefolgen fan it kolonialisme. Fyftich kollega’s skreaune in iepen brief dêr’t hja syn ideeën yn ôfwiisden. Bigger hat it gefoel dat syn kollega’s him mije, om’t se bang binne dat kontakt mei him harren karriêre yn gefaar bringt.

It idee foar it tydskrift komt fan de Belgyske wittenskipster Francesca Minerva. Hja wurket as bio-etika by de universiteit fan Gent en hat deadsbedrigings krige fan minsken dy’t lêzen hiene oer in artikel dêr’t hja oan meiskreaun hie. It artikel gie oer de fraach oft eutanasy foar slim sike poppen tastien wurde mocht. De skriuwers wiene fan betinken dat âlden ûnder guon betingsten it rjocht hiene en nim dêr it beslút ta.

novimber 12, 2018 22:18
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Eric novimber 13, 10:29

    Op ‘e Fryske Akademy stiet de akademyske frijheid noch net faai, mar op de Universiteit is dat al oars.

  2. Eric novimber 13, 10:43

    De titel boppe dit artikel is net sa’t it heart,

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.