Nederlân populêr foar fakânsje yn hite simmer

novimber 19, 2018 08:58

It wie fan ’t simmer drokker as normaal yn Nederlân. Folle mear minsken fierden fakânsje yn eigen lân, en ek út it bûtenlân wei wisten toeristen Nederlânske kempings, hotels en fakânsjeparken goed te finen. In heal miljoen bûtenlanners reizgen yn de waarme simmer mei de tinte nei Nederlân, achttjin persint mear as ferline jier.

Foto: pixabay.com

Dat docht bliken út sifers dy’t it Sintraal Buro foar de Statistyk hjoed publisearret. Op de Nederlânske kempings fierden fan ’t simmer 1,3 miljoen Nederlanners fakânsje, in groei fan acht persint. De measten fan harren giene nei Gelderlân op fakânsje. Seelân en Oerisel wiene ek populêr by Nederlanners. Bûtenlânske toeristen giene it leafst mei de tinte nei Seelân en Noard-Hollân. Grinslân waard troch kempinggasten it minst besite.

Waarmste simmer ea
Dit jier wie de waarmste simmer ea metten. Yn trochsneed wie it 19 graden yn De Bilt, en der wiene twa lanlike hjitteweagen yn july en augustus. De ANWB seach it tal annulearrings foar boekte kempings yn it bûtenlân tanimmen.

Hotels en fakânsjeparken
Nederlânske hotels en fakânsjeparken wiene fan ’t simmer populêrder as ferline jier. Der ferbleaune 5,8 miljoen gasten yn Nederlânske hotels, goed fiif persint mear as yn de simmer fan 2017. It tal gasten op fakânsjeparken naam fan ’t simmer ta mei fjouwer persint.

novimber 19, 2018 08:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.