Nearne en Earne (ferhaal)

novimber 17, 2018 07:10 Fernijd

Resint ferskynd

Nearne en Earne

Ferhaal fan Sjoerd F. Talsma

Hiel lang ferlyn wie de ierde krekt as no opdield yn ferskate lannen en oer ien fan dy lannen giet dit ferteltsje. Dat wol sizze, eigentlik oer de kening fan dat lân. It lân hjitte Nearne en it wie in keninkryk mei in hiel frjemde kening. Syn namme wie Hawwe en dat kaam moai út, want hy woe altyd alles hawwe, ek al wie it net fan him. Kening Hawwe hie al sa’n protte, en hy wie fan betinken dat alles wat yn it lân Nearne wie, fan him wie. It folk hearde him ek ta, tocht er. De minsken moasten allegearre foar him wurkje en wat de minsken hiene wie ek fan de kening. As de kening in hynder ha woe, dan giene de lakeien en ministers it lân yn en dy hellen it moaiste hynder dat se mar fine koene en joegen dat oan de kening. It folk wie net sa wiis mei kening Hawwe, want it hie neat en de kening hie alles en dat fûnen se fansels net earlik.

Klik om fierder te lêzen op Nearne en Earne

novimber 17, 2018 07:10 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.