Natuermuseum Fryslân is Kidsproof Museum 2019 fan Fryslân

novimber 25, 2018 08:25

Yn totaal santich Nederlânske musea bernfreonlik neffens tûzenen jeugdige Museumynspekteurs

Natuermuseum Fryslân út Ljouwert is troch sa’n fjouwertûzen Museumynspekteurs ferkeazen ta ít Kidsproof Museum fan Fryslân. Yn totaal waarden de Nederlânske musea dit jier goed 11.000 kear ûnder de loep nommen troch de Museumynspekteurs (bern o/m 12 jier). Tanksij harren ynspeksjerapporten meie santich musea har yn 2019 Kidsproof neame Dat is in rekôroantal. Natuermuseum Fryslân falt bysûnder yn ’e smaak: “de ûnderwettertour en it spul mei de goes, ek de opsette bisten fyn ik tige moai”, sei in Museumynspekteur.

Foto: Museumvereniging

De saneamde Museumkids Awards waarden 9 novimber útrikt yn it Nasjonaal Museum yn Soest. Yn it fermidden fan de top 10-museumynspekteurs rikte presintatrise Kim-Lian van der Meij de prizen út. It Kontinium discovery center út Kerkrade waard keazen ta it bernfreonlikste museum fan hiel Nederlân. Ekstra bysûnder dit jier: yn 2019 kinne Museumbern yn hiel Nederlân terjochte. Foar de earste kear hat eltse provinsje op syn minst ien Kidsproof museum.

Indy út Apeldoarn waard ferkeazen ta ‘Museumynspekteur fan it jier’. Dy titel fertsjinnet sy troch de mannichte ynhâldlike ynspeksjes dêr’t se in soad stimmen foar krige op museumkids.nl. Mei dy útrikking is ek fuortdaliks it achtste ynspeksjeseizoen fan start gien, dat rint oant en mei 27 oktober 2019.

In oersjoch fan alle bernfreonlike musea stiet op museumkids.nl.

novimber 25, 2018 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*