Moandei 3 desimber lanlik NL-Alert kontrôleberjocht

novimber 27, 2018 08:50

Moandei 3 desimber stjoert de oerheid om 12.00 oere in NL-Alert kontrôleberjocht út. Wa’t dat berjocht kriget, wit dan dat syn of har mobyl goed ynsteld is foar NL-Alert. Dat is belangryk om, as der him yn ’e buert in needsituaasje foardocht, goed ynformearre te wurden.

By in ramp yn de eigen omkrite wol men witte wat der te rêden is en wat men dwaan moat. Dêrom is der NL-Alert. Dat wurdt ynset by libbens- en sûnensbedriigjende situaasjes lykas in grutte brân, in terroristyske oanslach of needwaar. It is de bedoeling dat wa’t in NL-Alert kriget of sjocht, ek de minsken om him hinne ynformearret en helpt, sadat dy ek witte wat se dwaan moatte.

NL-Alert no ek op digitale ynfobuorden by bus- en treinstasjons
In NL-Alert wurdt ûntfongen op mobyltsjes as dy dêrfoar ynsteld binne. Nij is de útwreiding nei oanfoljende kanalen om safolle mooglik minsken te ynformearjen en te alarmearjen by in ramp yn ’e buert. Fan 3 desimber ôf is NL-Alert ek te sjen op in soad digitale ynfobuorden by bus-, tram- en metrohalten. It is de earste kear dat it kontrôleberjocht op dy buorden sjen litten wurdt.

Sa wurket NL-Alert
By in needsituaasje stjoert de oerheid in tekstberjocht nei mobile telefoanen en digitale ynfobuorden yn de neiste omjouwing. Op mobile telefoanen wurket it op basis fan ‘cell broadcast’, in technyk om tekstberjochten út te stjoeren fia de stjoermêsten fan alle providers. Dat it te ferlykjen mei in radiosinjaal. NL-Alert komt ek troch as it netwurk al te swier belêste is. NL-Alert is fergees en anonym. Namme en telefoannûmer binne net nedich en bliuwe dus ûnbekend.

NL-Alert ynstelle
In soad telefoanen dy’t yn Nederlân ferkocht wurde, binne al ynsteld foar NL-Alert. Op guon tastellen lykas de iPhone moat men dat sels dwaan. Op https://crisis.nl/nl-alert/instelhulp/ wurdt útlein hoe’t dat moat.

Berik
It lêste NL-Alert kontrôleberjocht, fan moandei 4 juny, is troch tsien miljoen minsken fan tolve jier en âlder ûntfongen (67%). De reewilligens om oaren te ynformearjen en te helpen by in NL-Alert is grut. Dêrtroch binne yn totaal sa’n 11,3 miljoen minsken fan tolve jier en âlder berikt mei it NL-Alert kontrôleberjocht (76%).
Mear ynformaasje is te fionen op www.nl-alert.nl.

novimber 27, 2018 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*