Minsken op ‘e sikewein krije kûgelfrije festen

novimber 8, 2018 01:23

It raast oan ‘e protters, mar de minsken dy’t ambulânses bestjoere en deryn meiride om ferwûne minsken te helpen, krije yn Nederlân faak mei geweld te meitsjen. Dêrom krije alle ambulânsemeiwurkers yn Nederlân de kommende tiid kûgelfrije festen en helmen.

De spesjale klean beskermje de sikebruorren tsjin kûgels en messen. De earste beskermingsklean wurde omparte yn Limburch. Dêrnei folgje de oare provinsjes. Yn België binne ambulânsetsjinsten yn 2015 al begûn mei it ynfieren fan ‘e kûgelfrije festen, nei’t meiwurkers dêrom fregen. It dragen fan ‘e klean sil net ferplichte wurde.

novimber 8, 2018 01:23
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 novimber 8, 09:14

    Sa moai, dit lân… En wêrom moatte hja in felichheidsfest hawwe? En wa binne dat, trochstrings, dy’t geweld brûke tsjin helpferlieners… Sa moai, dy ‘ferriking’….
    Kin ien de diken ek trochstekke, dit lân is klear-ôf-op-dien. It folk derfan wol net (mear), seit dat it net bestiet en/of net de muoite wurdich is te bestean (want slavernij en kolonialisme). Ferlos dit lân fan syn oikofobe bewenners, spiel it skjin!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.