Medyske ymplantaten faak net feilich
Resint ferskynd
- Boeken oer Nijntje yn streektalen tige populêr 0
- Measte Friezen gean yn krookjefakânsje leafst nei Eastenryk 0
- Frijheidswyk-East yn Ljouwert hat heechste skiedingspersintaazje fan Fryslân 0
- Wrâldpremjêre Stellingwerver film ‘Daor klept de klokke weer’ 0
- Topsifers foar Omrop Fryslân mei grut tal reaksjes 0
Pacemakers, boarstymplantaten, ynsulinepompkes, wa’t ien hat, moat mar ôfwachtsje oft it goed giet. Medyske ymplantaten binne nammentlik gauris ûnfeilich. Dat docht bliken út in grut ynternasjonaal ûndersyk. Se komme te maklik op ‘e merk en se wurde net goed kontrolearre.
Yn Nederlân diene Joop Bouma fan de krante Trouw en Jet schouten fan it AvroTros-programma Radar mei oan it ûndersyk. Hja hawwe yn gearwurking mei de ynternasjonale sjoernalistyske ûndersyksorganisaasje ICIJ moannenlang ûndersyk dien nei de feiligens fan ymplantaten.
It hat bliken dien dat de Nederlânske tafersjochhâlder fan 22 ymplantaten net wist dat dy ta slimme skea oan de sûnens of sels ferstjerren liede koene. Yn ‘e Feriene Steaten wie dêr melding fan makke, mar de kommunikaasje deroer tusken lannen is net goed organisearre.
Mei-inoar hawwe 59 media-organisaasjes út 36 lannen oan it ûndersyk meidien. It is publisearre ûnder de namme Implant Files. It stiet op ynternet op adres https://www.icij.org/investigations/implant-files/. De ûndersikers rûze dat wrâldwiid hast 83 tûzen minsken de ôfrûne tsien jier stoarn binne troch in ymplantaat wylst mear as oardel miljoen minsken der skea oan ‘e sûnens oan oerhâlden hawwe.
Yn Nederlân wurdt wilens wurke oan in oplossing, seit minister Bruno Bruins fan folkssûnens. Takom jier moatte dokters dy’t in ymplantaat ynbringe dat yn in sintraal register opnimme litte. Dêr komme problemen dy’t konstatearre wurde ek yn te stean. Neffens de minister is Nederlân wat dat oanbelanget koprinner yn ‘e wrâld. It Nijs berjochte yn 2014 al oer it kommen fan sa’n register (link).
It ûndersyk is útfierd troch safolle mooglik gegevens oer ymplantaten op te freegjen by fabrikanten, by oerheden en út iepenbiere boarnen. De sjoernalisten hawwe 1300 offisjele fersiken om ynformaasje oan oerheden dien. Mei-inoar hawwe hja acht miljoen dokuminten garre.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje