Medyske stêf Slotervaart stiet posityf foar oernameplannen oer
Resint ferskynd
Op fersyk fan de kuratoaren is de medyske stêf om in oardiel frege oer de oernameplannen fan it Kardiology Sintrum Nederlân (CCN) foar it fallite MC Slotervaart-sikehûs yn Amsterdam. Harren oardiel is posityf.
Yn in brief litte de medysk spesjalisten witte “mei entûsjasme akkoart te gean foar it fierder útwurkjen fan de plannen.” Yn de oarnameplannen fan CCN giet it om in ôfslanke sikehûs dêr’t safolle mooglik sikehûsfunksjes yn oerein bliuwe, mar sûnder driuwende help en IC.
Krusing
As de oername trochgiet, sil it in krusing wurde tusken in polyklinyk en in lyts sikehûs dêr’t mear gearwurke wurde moat mei oare sikehuzen. De kommende dagen moat CCN – dat ek ien fan de partijen is dy’t de MC Iselmarsikehuzen yn Flevolân oernimme wolle – de plannen fierder útwurkje en moat dúdlik wurde oft der yndie in trochstart komt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje