Medysk Psychiatryske Unit by MCL iepene

novimber 8, 2018 09:58

Op 1 novimber hat Medysk Sintrum Ljouwert in Medysk Psychiatryske Unit fan seis bêden iepene. De ôfdieling is ornearre foar pasjinten dy’t sawol in lichaamlike oandwaning as in psychyske sykte hawwe. Psychiater Alexander Keijzers: “Foar dy minsken kinne we aanst kwalitatyf bettere soarch biede. It giet om pasjinten mei sa’n psychiatryske problematyk dat se net op in gewoane ferpleechôfdieling opnaam wurde kinne.”

MCL

Op de MPU wurde pasjinten opnaam dy’t in breed skala oan lichaamlike sykten hawwe kinne mei dêrby in psychyske oandwaning. De haadbehanneler is bygelyks in sjirurch of ynternist of oare spesjalist. De somatysk haadbehanneler bepaalt de yndikaasje foar opname yn it MCL; de psychiater fan de konsultative tsjinst bepaalt de yndikaasje foar opname op de MPU. As it somatyske probleem behannele is, ferlit de pasjint it sikehûs. Yn in oantal gefallen betsjut dat oerpleatsing nei de GGZ.

Keijzers: “Alle dagen hawwe wy yn Nederlânske sikehuzen, ek yn it MCL, 25-40% pasjinten dy’t neist in lichaamlike sykte in psychiatryske oandwaning hawwe. It grutste part dêrfan falt net op; pasjinten kinne der faak goed mei libje, of se binne al ûnder behanneling. De MPU is bygelyks bedoeld foar in pasjint mei in persoanlikheidssteurnis dy’t troch syn hâlden en dragen it medysk en ferpleechkundich tiim op de gewoane ferpleechôfdieling ta wanhoop of twaspjalt driuwt. Suïsidale pasjinten wolle wy út it eachpunt fan feiligens tenei ek opnimme op de MPU.”

novimber 8, 2018 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.