MC Slotervaart wurdt ûntmantele, mar bliuwt iepen

novimber 3, 2018 09:28

It fallite Slotervaartsikehûs yn Amsterdam wurdt de kommende tiid ûntmantele. It liket derop dat it doek definityf fallen is, mar in wurdfierder fan it sikehûs seit dat MC Slotervaart of dielen dêrfan noch hieltyd oernommen wurde kinne. Partijen hawwe dêr oant begjin takom wike de tiid foar.

MC Slotervaart (foto: Wikipedia/Arch – lisinsje CC BY-SA 3.0)

Underwilens wurde de medisy en oare soarchferlieners fan it sikehûs holpen om de pasjinten sa gau mooglik feilich oer te pleatsen. Minister Bruins foar Medyske Soarch makke it nijs bekend. Der wurde “twa gesachhawwende en ûnôfhinklike dokters út de beskôgjende fakken en de snijende dissiplines” oansteld om de medyske stêf op alle mooglike manier by te stean en advizen te jaan.

Iselmarsikehuzen
Foar de Iselmarsikehuzen, dy’t ferline wike ek fallyt giene, sjocht minister Bruins mear mooglikheden. Nei de ministerrie sei er freedtemiddei dat er him aktyf bemuoie wol mei it kiezen fan in oernamekandidaat, hoewol’t de sikehuzen gjin oerheidsynstellings binne. Bruins wol krekt as de Twadde Keamer dat driuwende help en ferloskunde beskikber bliuwe yn Lelystêd. Hy is ek ree om finansjeel by te springen.

novimber 3, 2018 09:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.