Marslâning InSight no moandei streekrjocht te folgjen

novimber 24, 2018 12:09

NASA’s Mars Interior Exploration-misje, dy’t gebrûk meitsje sil fan seismysk ûndersyk, lânmjitkunde en hjittetransport, sil as alles goed giet de reade planeet berikke op moandeitejûn 26 novimber om 20.00 oere (Nederlânske tiid). Sjoggers oeral op ’e wrâld kinne it evenemint streekrjocht folgje fia de webside fan NASA en de sosjale media.

InSight (ôfbylding: NASA/JPL Caltech)

InSight is lansearre op 5 maaie en is NASA’s earste Marsmisje sûnt dy fan de Curiosity Marsrover yn 2012. De lâning is it begjin fan in misje dy’t twa jier duorje sil. InSight is it earste romtereau dat ûndersyk dwaan sil ûnder it oerflak fan Mars. De gegevens moatte wittenskippers helpe om de formaasje fan rotseftige lânskippen te begripen.

InSight wurdt folge op syn reis nei Mars troch twa minyromteskippen dy’t útrist binne mei NASA’s marCO-technyk. MarCO stiet foar Mars Cube One, in nanosatellyt dy’t bestiet út ferskate kubussen. MarCO sil besykje om gegevens fan InSight oer de atmosfear en it inerlik fan Mars nei de Ierde te ferstjoeren.

Dit binne de tiden fan de útstjoering:

Snein 25 novimber
– 18.00 oere: Parsekonferinsje: Lêste stân fan saken foar de lâning
– 19.00 oere: Fraach- en antwurdsesje mei it InSight-tiim

Moandei 26 novimber
– 11.00 oant 15.00 oere: Streekrjochte fraachpetearen mei saakkundigen
– 19.00 oant 20.30 oere: Streekrjochte ferslachjouwing fan de lâning
– Nei 22.00 oere: Parsekonferinsje oer de lâning

De lâning is te folgjen fia de webside fan NASA en de sosjale media: Twitter en Facebook.

novimber 24, 2018 12:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*