Lunch yn it tsjuster foar allinnichsteanden op 18 novimber

novimber 9, 2018 08:13

Tsjintwurdich begjint it (online) daten hieltyd mear op in fleiskeuring te lykjen. Nim de applikaasje Tinder, dêr’t men mei ien finger op de snoadfoan minsken fuortsleept as de oanbeane foto’s net oanstean. It is tiid foar in nije manier fan daten.

Ofbylding: IndiviDuo

Wat as uterlik der even net mear ta docht? In bysûndere lunch fan Relaasjebemiddeling IndiviDuo makket it mooglik om troch it brûken fan sintugen dy’t men yn earste ynstânsje net brûkt, mei minsken yn ’e kunde te kommen. Men komt foar ien oer te sitten en leart dyjinge earst kennen troch it fieren fan in petear. Men hat gjin aan hoe’t dy persoan der útsjocht. Dêr komt men pas letter efter as it ljocht oangiet en men (eventueel) de persoan opsykje kin mei wa’t men in match tinkt te hawwen.

Op inisjatyf fan Joyce Boerkoel fan  IndiviDuo is it idee fan Lunch in the Dark ûntstien. “In earste ôfspraak is al aventoerlik op himsels, mar it tsjuster makket it ekstra boeiend”, seit Joyce. “By in normale speeddate hat men mar in pear minuten de tiid om yn ’e kunde te kommen. Dy tiidsdruk ûnderfynt men net by dizze lunch, dêr’t ek wiksele wurdt fan tafelgenoaten. Men kin prate oer de smaken en tekstueren fan de gerjochtsjes, want fan tefoaren wit men net wat servearre wurdt.”

De bysûndere lunch wurdt op snein 18 novimber holden yn Buorkerijkafee Mausel, in pleats út 1863, yn Noardbroek yn Grinslân. Hja meitsje alles sels en wurkje safolle mooglik mei farske, streek- en biologyske produkten. Se helje ek ferskate gewaaksen en krûden út eigen tún. Mei fegetariërs en allergyen hâldt de kok rekken as dat by it oanmelden oanjûn is.

By it deryn kommen om 12 oere wurde de allinnichsteande manlju en froulju yn aparte romten ûntfongen mei tee en kofje. In healoere letter wurdt elkenien de folslein tsjustere ytseal ynbrocht. Tusken de gongen troch wurdt fan plak wiksele, sadat de dielnimmers mei oaren yn ’e kunde komme. Pas nei de lunch gean de ljochten oan en kriget men te sjen wat men iten hat en mei wa’t men praat hat.

IndiviDuo organisearret geregeld ferskate aktiviteiten foar allinnichsteanden yn Drinte, Grinslân en Fryslân. Dy kinne inoar sa moetsje op in losse manier. Earst lid wurde fan IndiviDuo is net nedich. Kosten foar de aktiviteit mei fiif gonge-lunch en alle drankjes ynbegrepen binne € 42,-. Oanmelde kin oant en mei woansdei 14 novimber fia www.individuo.nl/activiteiten of fia 06-28 66 39 62.

novimber 9, 2018 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.