Ljouwert ljochtet op mei Ljochtkeunstfestival LUNA

novimber 20, 2018 08:23

LOOPS fan Jonas Vorwerk – foto: Ruben Hamelink

Ljouwert makket him op as stêd fan it ljocht. Kommend wykein, fan 22 oant en mei 24 novimber, ferrasse keunstners en ûntwerpers út binnen- en bûtenlân mei mediakeunst sûnder wjergea de binnenstêd mei it Ljouwert Urban Night Adventure, oftewol LUNA. Fierder is der ek fan alles te rêden op it mêd fan film-, ljocht- en lûdskeunst. Alle jûnen fan 17.00 oere ôf wurdt it in nijsgjirrich aventoer yn it tsjuster.

Hichtepunten

Blokhúspoarte | VISUAL PIANO troch Kurt Laurenz Theinert (DE)
De Blokhúspoarte wurdt hielendal omtsjoend foar in muzikale, fisuele ûnderfining. Mei in kar oan muzikanten spilet de Dútske keunstner Kurt Laurenz Theinert alle oeren in live konsert, mei jazz en funk oant techno. Underwilens binne grutte projeksjes te sjen fan abstrakte patroanen, dûnsjende linen yn de moaiste kleuren. By it oanslaan fan de toetsen fan syn Visual Piano ûntsteane nije grafyske foarmen yn de projeksjes. Sneon 24 novimber om 22.30 oere spilet er mei wrâldartyst The Electric Diplomat, Tim Vine en oaren in slotkonsert sûnder wjergea.

Wilhelminaplein | LUMENUS troch Lumus Instruments (NL)
In meterslange ynteraktive ljochtkonstruksje fan stêven en stielkabels dy’t inoar yn balâns hâlde stiet op it Wilhelmina. As it oanrekke wurdt generearret dat ymminse keunstwurk in fisuele reaksje. It is te tankjen oan PyraSied Xtreme Acrylic, de Ljouwerter keunststofgruthannel dy’t, fanwegen syn oanbod, in soad mei ljochtfestivals gearwurket. Lumenus is makke troch studinten fan de TU Eindhoven mei materiaal dat derom bekend stiet ljocht moai te sprieden.

Meniste Tsjerke, Wurdumerdyk 12 | BOWLS troch Ken Matsubara (JPN)
In keunstwurk om te ûndergean: de Japanske Matsubara ûndersiket mei ymposante poëtyske bylden hoe’t wy ús dingen yn it sin bringe en hjoed en ferline mei-inoar ferbine. It makket gebrûk fan ferskate media yn de unike, serene en histoaryske setting fan it tsjerkegebou.

De Ljouwerter greften | LICHTKAHN troch RaumZeitPiraten (DE)
Op de Ljouwerter greften makket de Dútske keunstnersgroep RaumZeitPiraten mei selsboude LED- en laserprojektoaren boartlike projeksjes op gevels, muorren, wetter en beammen, sadat men de omjouwing mei hiel oare eagen sjocht.

A guide to Ljouwert
Boppesteande en oare keunstwurken binne op LUNA ‘op de bonnefooi’ te besjen, mar A Guide to Ljouwert fersoarget oant en mei sneon ek alle oeren in rûnlieding troch de binnenstêd dy’t begjint by de Stedsoase yn Ljouwert. Mear ynformaasje is te finen op www.aguidetoleeuwarden.nl/lunatour.

It Ljouwert Urban Night Adventure LUNA is foar elkenien fergees tagonklik. Op de webside www.lunafestival.nl is it folsleine programma te finen mei ûnder mear de betsjoende projeksjes op it Gouverneursplein fan de Poalske Robert Sochacki, de Soap Bubble Projector fan de Dútske Ingo Wendt en de libbensgrutte, ynteraktive ‘Loops’ fan Jonas Vorwerk op it Waagplein. LUNA makket diel út fan de ReOpening: de slotfestiviteiten fan LF2018.

novimber 20, 2018 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.