Live ôftraap Fryske top 100-stimmerij

novimber 16, 2018 17:00 Fernijd

ôfbylding: fan Omrop Fryslân

It stimmen op de Fryske top 100 wurdt op sneon 24 novimber live ôftrape troch de heechste nije ynkommer fan ôfrûne jier: Wiebe Kaspers en de Greidebern. Yn it sintrum fan Snits iepenje sy sjongend de stimbus. Iris Kroes en Van Geeft’m trede ek op. Elkenien kin fan 13.00 oere ôf op it Schaapmarktplein yn Snits terjochte om yn de spesjale stimhokjes syn top 5 troch te jaan. De iepening is ek live te folgjen op radio en telefyzje yn it programma Sneon yn Fryslân.

Al jierren stjoert Omrop Fryslân op âldjiersdei de Fryske top 100 út, foar in soad Friezen it ideale programma om it jier mei ôf te sluten. Ferline jier kaam der in opfallend heech oantal nije nûmers de Fryske top 100 yn. Wa wurdt dit jier it heechste? En wurdt Gurbe Douwstra mei ‘Cliffs of Moher’ fan it earste plak stjitten?

Foar artysten is de Fryske top 100 ek belangryk. Johannes Rypma fan The Bounty Hunters: “Yn it ferline harken wy altyd nei de Fryske top 100 op âldjiersdei en no steane wy der sels tusken. Dat is wol te gek fansels. Wy krije faak fan publyk te hearren dat we in soad draaid wurde by Omrop Fryslân. Wat faker op ús stimd wurdt, wat faker we draaid wurde. Wat mear minsken ús hearre, wat mear minsken der by ús optredens komme, want wy binne bekend fan ‘e radio. Sa wurket dat.”

Stimhokjes en de jukebox
Fan sneon 24 novimber ôf kin der wer stimd wurde fia Frysketop100.nl en de Omrop-app. Yn de provinsje sille op ferskate lokaasjes ek Fryske top 100stimhokjes opdûke. Alle stimmers meitsje kâns op de Fryske top 100-jukebox. Dy wurdt op 31 desimber weitjûn yn it programma.

Fryske top 100
De Fryske top 100 wurdt op 31 desimber fan 13.00 oant 00.00 oere útstjoerd op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

novimber 16, 2018 17:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.