Lêzing oer Armando yn Beetstersweach

novimber 6, 2018 07:38

Armando is ien fan de wichtichste Nederlânske keunstners fan de ôfrûne fyftich jier. Nei syn ferstjerren op 1 july fan dit jier is der opnij in protte belangstelling foar syn wurk, ûnder oare yn in grutte útstalling yn Museum Voorlinden yn Wassenaar.

Armando – Das Tor (foto: Tresoar)

Yn de troch Tresoar organisearre útstalling Skjin Laai yn Beetstersweach binne twa monumintale wurken fan Armando opnommen. Op snein 11 novimber hâldt Yvonne F.M. Ploum, keunsthistoarika en Armando-ekspert nei oanlieding fan Skjin Laai in lêzing, mei de titel Armando – tussen het weten en begrijpen.

Yvonne Ploum sprekt oer de keunst fan Armando, sawol syn skilder- en byldhoukeunst as syn literatuer en keramysk wurk. In moaie manier om mear te witten te kommen oer de keunstner en om de beide wurksoarten te besjen.

Plak: Dorpstsjerke, Haadstrjitte 15, Beetstersweach
Datum: Snein 11 novimber fan 15.00 oant 16.00 oere
Tagong: € 5,00 (kaarten yn de tsjerke)
Foar mear ynformaasje: info@tresoar.nl.

novimber 6, 2018 07:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.