Konsumint oerskat befeiliging eigen wente

novimber 6, 2018 07:55

Wol bewuster fan swakte fan efter- en foardoar

Foarkant fan de folder (ôfbylding: NIPW)

Nederlanners wurde har wol bewuster fan de needsaak fan wenningbefeiliging, mar se oerskatte noch de befeiliging fan harren eigen hûs. Mar in fearn fan de dielnimmers oan in ûndersyk fan de stifting Nasjonale Ynbraakprevinsje Wiken** tinkt dat harren efterdoar it swakste plak is, as it giet om ynbraakbefeiliging. Yn werklikheid is it lykwols folle minder steld mei dy efterdoarren. Ut earder ûndersyk* docht bliken dat fjouwer op de fiif Nederlânske efterdoarren min befeilige binne. “En mei ‘min’ bedoele eksperts dat in ynbrekker sûnder muoite yn minder as trije minuten in slot iepenbrekke kin”, seit Coen Staal, foarsitter fan de Nasjonale Ynbraakprevinsje Wiken.

Aksje nedich
De respondinten sizze net handich te wêzen of it tefolle drokte en muoite te finen om in slot te ferfangen of ferfange te litten. Dat is begryplik, want wat moatte je krekt dwaan? It hiele slot ferfange of inkeld de silinder? De stifting hat in folderke makke, dat yn de Nasjonale Ynbraakprevinsje Wiken yn hast alle boumerken en izerspesjaalsaken fergees te krijen is. Dêr stiet op in ienfâldige manier yn útlein wêr’t op let wurde moat en wat dien wurde kin om de befeiliging fan jins hûs better op oarder te krijen.

Online
De stifting hat op syn webside de ‘Ynbraak Previnsje Tsjek’ set, dêr’t men oan ‘e hân fan it klikken op foto’s de eigen situaasje maklik yn kaart bringe kin. Men sjocht by de efterdoar dan bygelyks stap foar stap nei it beslach, de silinder en it slot sels. De tsjek jout dan as konklúzje wat men dwaan kin. Befeiligingspartners fan de stifting jouwe yn dy tsjek boppedat oan dat men harren foar advys noch skilje of maile kin mei in fraach. Dan kin men derfoar kieze om it sels te dwaan of om in kaaispesjalist of boumerk it foar jin dwaan te litten. Soms is it ferfangen fan it beslach al genôch en is men foar sa’n 60-80 euro klear. Ferfangt men it slot, beslach en de silinder dan komt men miskien op 200 euro út, mar dan is de kâns dat in ynbrekker syn slach slacht tige lyts wurden. De ynbrekker kiest dan earder foar in makliker doelwyt.

Oer de stifting Nasjonale Ynbraakprevinsje Wiken
De stifting Nasjonale Ynbraakprevinsje Wiken is in publykprivate gearwurking mei as doel wentebesitters bewuster te meitsjen fan goede ynbraakprevinsje. Om sa by te dragen oan de doelstelling fan it Ministearje fan Feiligens en Justysje om it tal ynbraken en it besykjen dêrta substansjeel te ferleegjen. Waard yn 2012 noch 91.000 kear ynbrutsen of dêrta besocht, yn 2017 wie dat weromrûn nei 50.000 kear. De stifting fiert twa kear jiers kampanje, yn maaie en novimber. Partners yn de stifting binne de bedriuwen Assa Abloy, Nauta Veilig, SecuProducts en Zo Veilig yn nauwe gearwurking mei it Ministearje fan Feiligens en Justysje en it Ferbûn fan Fersekerders.

Sjoch foar mear ynformaasje oer ûnder mear ynbraakmetoaden en ynbraakprevinsje op www.inbraakmislukt.nl.

*    ûndersyk ûnder 828 húshâldens yn septimber 2017
**  ûndersyk ûnder 776 húshâldens yn septimber 2018

novimber 6, 2018 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.