Konservearjende krêften yn taal

novimber 20, 2018 07:00

Arjen Versloot en Eric Hoekstra ha in artikel skreaun oer konservearjende krêften yn taal. Wat makket dat guon talige ferskynsels lang bewarre bleaun binne, en oare net?

It artikel behannelet dy fraach troch nei ûnregelmjittige meartallen te sjen. In foarbyld fan sa’n ûnregelmjittich meartal is skiep. Dat wurd is ûnregelmjittich want it meartal is itselde as it inkeldtal. Regelmjittich soe wêze skiep – skieppen, dat men út ’e mûle fan guon noch wolris beharkje kin. Skiep binne yn ús moderne maatskippij minder wichtich as yn ús boereferline, dat de lju brûkte dit wurd no minder faak. Sadwaande ferliest sa’n wurd dan maklik syn ûnregelmjittichheid en wurdt regelmjittich makke. Men sjocht ek wol dat minsken besykje om it ûnregelmjittige meartal te mijen, troch it ferlytsingswurd te brûken: skiepkes. Dat is in faai teken foar it ûnregelmjittige meartal skiep. Ek ûnregelmjittich is dei – dagen. Regelmjittich soe wêze dei – deien. In tredde foarbyld is beanbeane. Regelmjittich soe wêze beannen, wat men tsjintwurdich al in protte heart.

Hoekstra en Versloot hawwe besjoen wat makket dat ûnregelmjittige meartallen troch de iuwen hinne bestean bliuwe koene. Se komme út op trije saken dy’t fan ynfloed binne.

De earste faktor fan belang is frekwinsje, of mei oare wurden: hoe faak wurdt in wurd brûkt? In ûnregelmjittich meartal as bern – bern bliuwt foaral bestean omdat dit wurd sa faak foarkomt yn it praat fan minsken en dêrtroch goed yn it ûnthâld fan minsken ferankere is. Sadwaande is yn it Hollânsk kind – kinderen ek in ûnregelmjittich meartal, en yn it Ingelsk child – children.

De twadde faktor is it relative oanpart fan meartalsfoarmen, oftewol: proporsjonele frekwinsje. As in ûnregelmjittich meartal faak foarkomt yn ferliking mei it inkeldtal, dan bliuwt it ek maklik bestean. In foarbyld is bean – beane. It meartal beane komt eins faker foar as it inkeldtal bean, want men praat faker oer bygelyks brune beane, as oer in yndividuele brune bean. Lyksa is it by it nije ûnregelmjittige meartal learzens. Men praat faker oer learzens, as oer in yndividuele lears. Sadwaande hat it âlde meartal beane iuwen stân holden en jout it no pas belies en wurdt ferfongen troch beannen of beantsjes. Beannen wurdt brûkt foar de ‘earten’ los fan de pûlen, as yn brune beannen. En beantsjes wurdt brûkt foar de pûlfruchten mei de earten deryn (Hollânsk slaboontjes of sperzieboontjes).

De tredde faktor is ‘salience’ ofwol opfallendheid. Hoe mear oft in meartal ferskilt fan it inkeldtal, hoe better as minsken it yn it ûnthâld bewarje, omdat it sa opfallend is. In foarbyld is dei – dagen. It meartal is totaal oars as it inkeldtal, se diele mar ien lûd, nammentlik de d. Trochdat it meartal sa oars is as it inkeldtal, falt it goed op en bliuwt it troch de iuwen hinne goed bewarre. Fierders bliuwt in meartal as dei – dagen ek goed bewarre, omdat it net op himsels stiet. Wy hawwe ommers ek noch wei wegen. Omdat dizze twa opfallend ûnregelmjittige meartallen, wegen en dagen, sa opinoar lykje, stypje se inoar. Dat beide ek identyk binne oan it Nederlânsk spilet yn dizze gefallen nei alle gedachten ek wol mei, mar it jout net de trochslach; tink mar oan de gefallen fan skiep of bern.

Alle trije faktoaren binne likernôch like wichtich foar it ynstânhâlden fan ûnregelmjittige meartallen. De stúdzje fan Hoekstra & Versloot sjocht nei gegevens út it Frysk, mar it idee is dat de trije niisneamde faktoaren yn alle talen in rol spylje, as it giet om it bewarjen fan ûnregelmjittichheid.

Referinsjes
Hoekstra, E. & Versloot, A.P. (2018) Factors promoting the retention of irregularity.
On the interplay of salience, absolute frequency and proportional frequency.
https://doi.org/10.1007/s11525-018-9334-2
http://link.springer.com/article/10.1007/s11525-018-9334-2

novimber 20, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*