Kommend wykein: Skylger dialekten op Folkshegeskoalle

novimber 11, 2018 11:04

Genietsje fan de Skylger dialekten en it eilân, dat kin mei it moaie arranzjemint ‘Pineboek’.  It draait om it Westers, Meslânzers en Aasters en de ûntjouwing fan dy – libbene – Skylger talen. It Meslânzers is it dialekt fan Skylge mei it Nederlânsk as basis, yn tsjinstelling ta de oare Skylger dialekten, dy’t it Frysk as basis hawwe.
It programma bestiet út film, in kulturele kuier nei in einekoai, lêzingen en fansels it komyske toanielstik Pinebúk. Dat is in bysûndere bewurking troch de Aaster Joonpraters fan ‘De ynbylde syke’ fan Molière.
Twa dagen fol taal en kultuer, folslein fersoarge, yn de ûntspannen omjouwing yn de bosk by it strân:

Sneon 17 novimber: oankomst tusken 14 en 15 oere.
Untfangst mei kofje en koeke.
Ynlieding troch taalkundich ûndersiker Siebren Dyk fan de Fryske Akademy: ‘Untjouwingen fan lytse Fryske dialekten ûnder ynfloed fan isolemint’.
Eilânferhalen by de iepen hurd.
Waarm iten op de Folkshegeskoalle
Jûnsfoljende foarstelling Pinebúk yn it Aasters yn doarpshûs De Stoek yn Hoarne.

 Snein 18 novimber: moarnsiten en kofje.
Ynlieding fan Siebren Dyk oer it Meslânzers.
Koarte film ‘Wadden boven het Water’ fan Kees Hin. In prachtich portret fan de bewenners fan it Waadgebiet, fan ien fan de grutte Nederlânske dokumintêremakkers. Dêryn fertelt skriuwer/kritikus Jo Smit yn it Meslânzers wêrom’t er weromkommen is nei it eilân en wêrom’t er der begroeven wurde wol.
Op paad mei lokale grutheid ‘Flang’ troch it doarp en de Einekoai. Yn it Meslânzers fertelt er oer it libben op Skylge. Tsjin 13 oere wurdt elkenien traktearre op de ferneamde snert fan Flang dêr’t er wrâldkampioen mei wurden is.
Ofsluting om 13.00 oere hinne.

Boek dit arranzjemint gau, foar minsken mei taalgefoel – en humor! Wiidweidiger ynformaasje is te finen op https://folkshegeskoalle.nl en op te freegjen fia info@folkshegeskoalle.nl
It programma oer lytse talen is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd en Lân fan Taal.

novimber 11, 2018 11:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.