Klassejustysje

novimber 22, 2018 12:24

It is djiptryst dat in tal Friezen feroardiele is foar it blokkearjen fan de A7 om anty-swartepytaktivisten út de Rânestêd op te kearen, wylst yn ferlykbere gefallen de dieders frijsprutsen waarden.

Troch de rjochter wurdt sein dat dit gefal slimmer is, omdat de aksjefierders de aktivisten it rjocht op demonstraasje ûntnamen, mar likegoed kin men sizze dat hja tefoaren kamen dat de aktivisten rebûlje skôpen op in bernefeest yn Dokkum. Hjir moat wol sprake fan klassejustysje wêze: wy sille, fyftich jier nei Kneppelfreed, dy Friezen ris in leske leare. Oer de anty-swartepytaktivisten sels gjin kwea wurd. It is dan ek gjin wûnder dat heal Fryslân der skande fan sprekt, omdat de minsken wol oanfiele dat de blokkearfriezen ûnrjocht oandien wurdt. Dat wie ek de reden dat hûnderten Friezen protestearren op it Saailân by de útspraak fan de rjochter. Ik wie der sels net by, mar út betroubere boarne haw ik heard dat der gjin sprake wie fan in agressive sfear troch roppers en razers. Dat is slim opkloppe troch de media. Dat der altiten lju binne dy’t misbrûk meitsje fan de gelegenheid is in feit, relskoppers hat men oeral. Dat guon demonstranten mei in Fryske flagge swaaiden hat neat te krijen mei nasjonalisme, mar alles mei it gefoel dat se it net akseptearje om hast sân iuwen nei de Slach by Warns it leksum opsein te krijen as teken fan Hollânske dominânsje.

Hokfoar lju binne dizze anty-swartepytaktivisten? Binne it echt lju dy’t lije ûnder ûnrjocht lykas rasisme en diskriminaasje? Sokken sille der grif by wêze, mar yn in artikel yn de LC fan 14 novimber wurdt wol hiel dúdlik hokfoar lju der ek by sitte. Dat binne leden fan Majority Perspective (MP) dy’t krekt in rjochtsaak ferlern hawwe om in ferbod op Swarte Pyt by de yntocht yn Zaanstad ôf te twingen. Michael van Zeijl, ien fan de wurdfierders waard yn augustus noch feroardiele foar deadsbedriging. Hy skreau op Facebook: “We moeten een prijs op het hoofd van Sinterklaas zetten. Zodat alle kinderen massaal onder zijn hersenen en botsplinters bedekt zitten.” Hy advisearret de blokkearfriezen ek omop it spoar stean te gean as hy yn ’e trein lânskomt. Sokke lju binne net representatyf foar de anty-swarteptbeweging, mar se sitte der dus wol by, faaks ek yn de bus nei Dokkum. It wurdt tiid dat der echt rjocht dien wurdt en de blokkearfriezen yn heger berop frijsprutsen wurde.

Jehannes Elzinga – Frjentsjer

novimber 22, 2018 12:24
Skriuw in reaksje

9 opmerkingen

  1. Abe novimber 23, 12:46

    Amen. Ha jim net bestekliker kollumskriuwers? Miskien dat der dan ek wat bestekliker reaksjes komme. Dêr hat dizze site wol ferlet fan, wol ik leauwe. Tiid dat de Ried ophâldt koal en geit te sparjen. GeenStijl nimt Fryslân oer en dit hjir wurdt sa njonkelytsen it tusken-de-middei hoekje foar it lokale Volksempfinden. 2019 komt deroan, nije minsken, oare koerts!

  2. Nanne novimber 23, 13:34

    Wat is dat no ynienen wer mei dat oer de Atlantyske Oseaan oerwaaide Black Friday, dêr’t op it stuit algeduerigen yrritante reklame foar makke wurdt? Liket my healwiis om no wer mei nije potinsjeel misledigjende oantsjuttings oan te kommen, net? It hat fansels in betsjutting en eftergrûn dy’t neat mei diskriminaasje te krijen hat: https://fy.wikipedia.org/wiki/Swarte_Freed_(winkeljen). Mar dat jildt dus foar Swarte Pyt krektlikegoed. Wolle jo wis wêze dat jo nimmen op it sear traapje, dan moatte jo ôfweve mei it brûken fan alles dat mei swart te krijen hat. Alteast troch wite minsken… Ik bedoel mar.

  3. Jabik novimber 23, 15:03

    Sille wy de rjochterlike útspraak der mar eefkes bûten litte? Jehannes docht no krekt as Trump: as in fûnis him net past dan is it Obama-fûnis of in feakfûnis. En as Kneppelfreed der dan dochs byhelle wurde moat: wie dat demonstrearjen ek net bedoeld om sjen te litten dat minderheden ek rjochten ha en net diskriminearre wurde woene? Ik ried Jehannes oan om de kollum: “We mogen best trots zijn op onze roetpiet”, fan Dalilla Hermans yn de Standaard fan ôfrûne woansdei ris te lêzen. It past hiel goed by Rob syn blogs oer it polderjen yn Fryslân. Ik soe sizze: “it kin ek oars”.

  4. mbc84 novimber 23, 17:03

    Tsss, ‘Geenstijl nimt Fryslân oer’… Nee, it wurdt hjir betiden earder in Joop.nl-sfearke. Bukke en bûge, at it de frjemd mar nei it sin is. Faaks wol it hiel wat sizze dat ‘Geenstijl Fryslân oernimt’, en stekke jo noch hieltyd leaver de kop fierder en fierder it sân yn.

  5. Jaap novimber 23, 17:22

    O ja. De kollum fan Sheila Sitalsing fan moandei yn de Volkskrant is de muoite fan it lêzen ek wurdich.

  6. Roel van Dijk novimber 24, 08:30

    It súkses fan de blokkearboeven hat der ta laad dat der noch nea safolle geweld west hat by Sinteklaasyntochten. Kriminele eleminten dy’t harren sels sjogge as “helden”, it is djip tryst. En it driigjende geweld yn Dokkum kaam fan deselde eigenrjochting-types as de blokkearboeven.

  7. Nike novimber 24, 10:16

    En de plysjes, de turken en no de gemeenteriedsleden fan Lelystêd? Ek blokkearboeven, as is dat wat oars? Sjoch, dêrom stiet der Klassejustysje boppe dizze kollum.

  8. mbc84 novimber 24, 11:38

    https://www.geenstijl.nl/5139359/marokkanen-vieren-feest-na-wk-kwalificatie/

    Se brutsen it sintrum fan Rotterdam ôf, mar ferfolgings, dêr wie gjin sprake fan…

    https://www.volkskrant.nl/nieuws-achtergrond/twaalf-aanhoudingen-zeven-gewonden-tijdens-onrustige-nacht-bij-turks-consulaat-in-rotterdam~b8d02f3b/

    Se brutsen it sintrum fan Rotterdam ôf, mar ferfolgings, dêr wie gjin sprake fan…

    https://www.rtlnieuws.nl/nederland/artikel/3734906/tegenstanders-zwarte-piet-blokkeren-erasmusbrug-rotterdam

    Sý mochten wol samar blokkearje, gjin ferfolgings…

    https://www.ad.nl/utrecht/pegida-wil-afgebroken-demonstratie-bij-utrechtse-moskee-overdoen~aba30bf3/

    At Pegida demonstrearje wol, dan wurdt dat blokkearre. Hjir ek gjin ferfolgings…

    En dan wolle jim it hawwe oer oarder en rjocht fan demonstrearjen? Dat jildt allinnich at je in goeie miening hawwe. Dán stiet it IM oan jo kant en kin der ferfolge wurde. Steane jo oan ‘e ferkearde kant, dan wurdt der as in dwylsinnige ferfolge om mar foar it morele goede fuotljocht te kommen, sa’t it hjir ek wer út ‘e reäksjes bliken docht. It geweld fan Friezen is ferskriklik en oer it geweld fan de mohammedanisten hearst se nea..

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.