Jubileumkonsert Jürgen Ahrend-oargel Hobbe fan Baerdttsjerke op ’e Jouwer

novimber 11, 2018 10:17

Hobbe fan Baerttsjerke op ’e Jouwer (foto Wikimedia Commons)

Fjirtich jier krige de Hobbe fan Baerdttsjerke op ’e Jouwer in nij oargel. It waard boud troch Jürgen Ahrend út Leer (D). Dat sil betocht wurde mei in jubileumkonsert troch Theo Jellema op sneintejûn 18 novimber.

In fjirtichjierrich jubileum fan in tsjerke-oargel is seldsum, mar de ‘Stichting Vrienden Hobbe van Baerdtkerk’ is fan betinken dat it bysûnder is dat De Jouwer in oargel fan Jürgen Ahrend hat. Ahrend (1930) is ferneamd wurden troch restauraasjes fan barokoargels, ûnder mear yn Grins, Norden, Hamburch, Sleat, Leiden en Kantens. De Herfoarme Gemeente fan doedestiids en de hiele Jouster befolking hawwe der finansjeel oan bydroegen om it safier te krijen.

De Jouster Freark M. Ringnalda hat dêr in jubileumboek oer skreaun mei yllustraasjes fan Jan Lammertsen. It earste eksimplaar sil op de jûn fan it konsert oanbean wurde oan Jürgen Ahrend, dy’t as gast útnûge is.

Konsert
Theo Jellema, oargelist fan de Grutte of Jakobinertsjerke fan Ljouwert sil mei wurken fan Bach, Bruhns, Bustehude en oaren alle mooglikheden fan it trijeklaviersoargel hearre litte. Nei it skoft sil it Noord Nederlands Kamerkoor ûnder lieding fan Jan Vermaning it Requiem fan Gabriël Fauré útfiere. De solisten binne Mirjam Rietberg (harp), Amaryllis Dieltiens (sopraan) en Ben Brunt (bas). Gerben van der Veen begeliedt it op harmoanium.

It konsert begjint om 20.00 oere. Kaarten binne foarôf à € 13,50 te keap by Primera aan De Merk 3 en ek fia info@vriendenhvbkerk.nl. Oan de doar kostje se € 15,00.

novimber 11, 2018 10:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.