Johannes Kramer listlûker FNP steateferkiezingen

novimber 2, 2018 07:00 Fernijd

Johannes Kramer (foto FNP)

Deputearre Johannes Kramer fan Sibrandabuorren wurdt nei alle gedachten de FNP-listlûker foar de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten yn maart 2019. De advyskommisje kiest dêrmei foar kwaliteit, stabiliteit en politike ûnderfining. Partijlieder Kramer is sûnt hast acht jier de earste FNP-deputearre fan Fryslân.

Twadde op de kieslist is Corlienke de Jong fan Jutryp. De Jong is de beëage foarsitter fan de FNP-steatefraksje, wat se op it stuit ek al is. Nijkommer by de kandidaten is Sijbe Knol (27) fan Sint-Anne op plak trije. Hy is no riedslid yn Waadhoeke. Op plak fjouwer stiet steatelid Sybren Posthumus (Reduzum) en op fiif Wopke Veenstra (Boelensloane).

De advyskommisje hat ûnder mear sjoen nei kompetinsjes fan kandidaten, spesjalisaasjes, ferjonging en regionale sprieding. De leden moatte harren op ’e Algemiene Ledegearkomste fan 23 novimber útsprekke oer de list.

De leden hawwe yn septimber Gerben Gerbrandy (Gau), boargemaster fan Achtkarspelen, al oanwiisd as kandidaat-senator foar de OSF yn de Earste Keamer. De kandidatelist foar de ferkiezingen fan Wetterskip Fryslân is doe ek definityf makke. Dêr stiet Bram Bonnema (Frjentsjer) op ien, Yde Dykstra (Ljouwert) op twa en Bert Vollema (Tsjom) op trije.

Advys-kieslist foar de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten op 20 maart 2019:

  1. Johannes Kramer            Sibrandabuorren
  2. Corlienke de Jong           Jutryp
  3. Sijbe Knol                         Sint Anne
  4. Sybren Posthumus         Reduzum
  5. Wopke Veenstra             Boelensloane
  6. Gerben van der Meij      Tsjummearum
  7. Albert Seldenrust            Ljouwert
  8. Lisette Akkerman            Ferwert
  9. Thom Feddema                Raard
  10. Rein van der Wal             Surhústerfean
  11. Janke de Vries                  Dunegea
  12. Klaas Fokkinga                  Nes (D)
  13. Gea Iedema                      Frjentsjer
  14. Bert Koonstra                   Sweagerbosk
  15. Saskia Sytsema                Twizel
  16. Ate Eijer                             Jobbegea
  17. Welmoed van der Werf  Dokkum
  18. Sicco Rypma                      Blauhûs
  19. Gerda de Vries                  De Jouwer
  20. Leendert Ferwerda          Sint Anne
  21. Ben Bruinsma                   Sint Anne
  22. Jeltsje Piersma                  Nijemardum
  23. Jelle Gerbrandy                 Drylts
  24. Anje Wester                      Earnewâld
  25. Rikus Sinnema                  Stiens
novimber 2, 2018 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.