Jenny Douwes klaget by Ried fan Europa oer taakstraf

novimber 19, 2018 23:46

Foto: Wikipedia / Sander van der Wel (Creative Commons)

Jenny Douwes út Drachten fielt har ûnrjochtfeardich behannele troch de Nederlânske steat en wol dêrom in klacht yntsjinje by de Ried fan Europa. De klacht fan Douwes waard moandei oankundige by in moeting mei in advyskommisje fan de Ried fan Europa mei ferskate Fryske organisaasjes. Douwes koe dêr fanwege har wurk sels net by oanwêzich wêze, mar har klacht waard foar har foarlêzen troch in fertsjintwurdiger fan de Jongfryske Mienskip.

Douwes waard koartlyn feroardiele ta in taakstraf fanwege har oprop ferline jier op Facebook om in demonstraasje fan anty-Swarte Pytdemonstranten by de nasjonale yntocht yn Dokkum op te kearen. It kaam doe ta in blokkade by Aldehaske, wêrtroch’t de anty-Pytdemonstranten Dokkum úteinlik nea hellen. De minsken dy’t de demonstranten troch de blokkade tsjinholden, moasten har dêr koartlyn foar ferantwurdzje foar de Ljouwerter rjochtbank.

Fryske tradysje

Douwes is fan opfetting dat de Friezen as erkende nasjonale minderheid it rjocht hawwe om har eigen tradysjes op eigen wize te fieren. De oanpak fan Douwes troch justysje is neffens har yn striid mei artikel 5.1 fan it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. Yn dat kêst stiet dat nasjonale minderheden it rjocht hawwe om de eigen tradysjes yn stân te hâlden. Yn oerlis mei har riedsman sil Douwes meikoarten in offisjele klacht yntsjinje by de Ried fan Europa yn Straatsburch. Douwes hat in pear wike de tiid krige om dat te dwaan.

Besite Ried fan Europa

De advyskommisje fan de Ried fan Europa is hjoed de hiele dei yn Ljouwert om mei fertsjintwurdigers fan Fryske organisaasjes te praten oer it neilibjen fan it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. De diskusje oer Sinteklaas en Swarte Pyt stiet dêrby net apart op de aginda, mar de kommisje wol him wol graach ynformearje litte oer saken dy’t op dit stuit spylje yn Fryslân.

De Jongfryske Mienskip brocht njonken de klacht fan Douwes noch in pear saken nei foaren by de Ried fan Europa. De organisaasje wol dat de erkenning fan de Friezen as nasjonale minderheid ek sichtber makke wurdt op offisjele dokuminten lykas paspoart en identiteitskaart. De mienskip wol ek dat skoallen mei in ûntheffing foar it fak Frysk twajierliks hifke wurde troch in ûnôfhinklik Fryske ûnderwiisynspekteur om de foarútgong fan de skoalle te mjitten op it mêd fan it Frysk.

Tekst: Omrop Fryslân

novimber 19, 2018 23:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.