It wurdt gâns makliker om personiel dien te jaan

novimber 2, 2018 19:56

Wurknimmers kinne tenei folle makliker ûntslein wurde. Dat is it gefolch fan maatregels dêr’t de ministerrie freed ta besletten hat. Minsken meie ek langer op tydlike kontrakten oan it wurk hâlden wurde. Dat docht de NOS te witten.

In wurkjouwer dy’t ien kwyt wol, moat no noch hurd meitsje dat dêr ien goede reden foar is. Tenei jildt in optelsom fan ‘lytse redenen’ ek as ûntslachgrûn. De wurknimmer hat dan wol rjocht op in gruttere ûntslachfergoeding as oant no ta it gefal wie. Faak siik wêze jildt tenei as in reden om ien te ûntslaan.

Mei yngong fan 2020 meie minsken wer trije jier lang op koarte kontrakten by deselde baas oan it wurk. Op it stuit is dat twa jier. Nei trije moanne mei de wurknimmer op ‘e nij trije jier by deselde baas oan ‘e slach. No is dat in healjier. De proeftiid wurdt ek langer: ynstee fan twa moanne wurdt dat fiif moanne. Yn dy proeftiid kin wurknimmer likegoed as wurkjouwer de oerienkomst op slach ûntbine. Om te stimulearjen dat wurkjouwers minsken foar fêst oannimme, wurdt de preemjeôfdracht foar minsken mei in tydlike oanstelling foar de wurkjouwer in stik heger.

Oer it generaal wurdt de posysje fan wurknimmers der swakker op, mar op in pear punten komme se just sterker te stean. In saneamde payroller wurdt lyksteld oan in gewoane wurknimmer. Dat wol sizze dat er ek pensjoen opbout. Utstjoerkrêften moatte tenei fjouwer dagen yn it foar witte oft se wurkje moatte of net. No moatte hja soms sân dagen wyks paraat wêze, om’t se altiten oproppen wurde kinne.

Neffens it kabinet wurde de drompels foar in wurkjouwer sa leger om minsken yn fêste tsjinst te nimmen. Dat soe harren besteanswissichheid fergrutsje. Fêste tsjinst jout lykwols minder wissichheid as foarhinne.

novimber 2, 2018 19:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.