Iepeningsfoarstelling Oerol nei de Westertsjerke yn Ljouwert

novimber 12, 2018 08:36

Eastenryks selskip Liquid Loft mei Church of Ignorance yn Westertsjerke op 15, 16 en 17 novimber

Yn de prachtige Westertsjerke yn Ljouwert bringe seis dûnsers fan it Eastenryksk selskip Liquid Loft besikers fan ’e wike op 15, 16 en 17 novimber, yn trâns mei Church of Ignorance. Oerol iepene dit jier mei dy tige goed resinsearre lokaasjefoarstelling. Foar de fertoaning yn de Westertsjerke binne petearen mei ynwenners fan Fryslân opnaam dy’t yn ’e foarstelling ferwurke wurde. Dêrneist hawwe de jonge dûnstalinten fan Jeugd Dûnsoplieding Fryslân in gastrol. De foarstelling wurdt presintearre troch Explore the North, Oerol, Lân fan Taal en Ljouwert-Fryslân 2018.

Liquid Loft (foto: Chris Haring)

Fryske talen yn fantastyske lokaasjefoarstelling
Yn Church of Ignorance rane de Fryske taal en ferskate noardlike dialekten gear ta in ritme. In ritme dat besikers meinimt yn in mysterieuze, talige reis. It selskip giet troch de wei fan lichemstaal op syk nei in oplossing foar datjinge dat ús ferdielt: de ferskillende talen dy’t we prate. De útfiering is basearre op regionale talen en ‘slang’ út alle regio’s fan Europa en wurdt hieltyd oanpast foar de lokaasje en arsjitektuer fan it spylplak, yn dit gefal dus Ljouwert, Fryslân en de Westertsjerke. Wat in ûnfersteanbere brij oan talen liket, wurdt transformearre yn in kommunikaasjefoarm dy’t wurden oerstiget.

Yn novimber 2017 wie Liquid Loft te gast yn Fryslân om noardlike talen en dialekten te sammeljen en op te nimmen. Dêrfoar reizgen se nei Ljouwert en ek nei Skylge. Op Oerol gie yn juny dit jier in oar part út de rige yn premjêre. Neist de Fryske talen dy’t yn de foarstelling ferwurke binne, spylje ek jonge, Fryske dûnstalinten mei fan Jeugd Dûnsoplieding Fryslân.

Kaarten foar Church of Ignorance
Kaartsjes foar de foarstelling, dy’t op tongersdei 15, freed 16 en sneon 17 novimber alle dagen om 19.30 en 21.30 oere te sjen is, kostje € 5,- en binne te keap op explore-the-north.nl.

Oer Explore the North
De sechde edysje fan Explore the North wurdt holden op 22, 23 en 24 novimber 2018. It festival set op tongersdei útein mei ûnder oare Mechanical Ecstasy fan Club Guy & Roni en Slagwerk Den Haag, dat Explore the North yn ’e mande mei Stedsskouboarch De Harmonie presintearret. Besikers sjogge fierder ûnder oare Mark Kozelek fan Sun Kil Moon, Julia Holter, Akwasi en de winner fan de Europeeske Literatuerpriis 2018: Johan Harstad. It folsleine programma en kaarten binne te finen op explore-the-north.nl.

novimber 12, 2018 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.