Fûle boskbrân Kalifornië ferrinnewearret stêd

novimber 9, 2018 08:30

In boskbrân yn it noarden fan de Amerikaanske steat Kalifornië hat it stedsje Paradise ferneatige. It is noch net dúdlik oft dêr slachtoffers by fallen binne.

Foto: pixabay.com

Hûnderten gebouwen yn it plakje binne ferrinnewearre. “Der stiet net folle mear oerein”, seit in wurdfierder fan de brânwacht tsjin parseburo Reuters oer it plak mei 27.000 ynwenners. De flammesee waard oplôge troch in stevige wyn en raast no yn de rjochting fan de gruttere stêd Chico (93.000 ynwenners).

Op sosjale media binne der meldings oer deaden, mar de plysje kin noch net befêstigje oft der yndie minsken omkaam binne. Wol is dúdlik dat sawol boargers as brânwachtminsken ferwûne rekke binne. De wegen om it ôfhandige Paradise hinne koene de stream flechtsjende minsken net oan. Troch ûngelokken rûn it ferkear op in tal plakken fêst. Bewenners lieten de auto stean en rûnen foar har libben, soms mei bern of húsbisten yn ’e earms.

“De hiele stêd stiet yn ’e brân”, sei in man dy’t op syn motor ûntkaam, tsjin in lokaal telefyzjestasjon. “Wy moasten troch de flammen ride om hjir te kommen.” In sheriff sette fideobylden fan de brân op Twitter.

Yn in dei hat de boskbrân sa’n 32 kante kilometer yn ’e jiske lein. Fanwege it drûge waar en de hurde wyn is de brân tige dreech te dwêsten. Eksperts binne bang dat de natuerbrân just oanwinne sil. 2018 is ien fan de meast ferwoastende jierren ea foar Kalifornië as it om boskbrannen giet.

novimber 9, 2018 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.