GrienLinks: Matthijs Sikkes-van den Berg listlûkker steateferkiezingen

novimber 10, 2018 10:20

Matthijs Sikkes-van den Berg (foto: Omrop Fryslân)

GrienLinks hat Matthijs Sikkes-van den Berg (31) fan Sint-Nyk op it each as listlûker by de steateferkiezingen op 20 maart 2019. Gerda Koopman, foarsitter fan GrienLinks Fryslân: “Matthijs is entûsjast, stiet iepen yn it libben en siket graach de ferbining. Hy hat in stevich netwurk, regionaal en bopperegionaal. Wy sjogge yn him in bysûnder en jong talint mei in flinke doasis humor”, aldus. Sikkes-van den Berg is op it stuit fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn De Fryske Marren.

Twadde op de konsept-kandidatelist is Charda Kuipers. Dy hat yn Weesp de nedige politike ûnderfining opdien. As tredde wurdt foardroegen Elsa van der Hoek, foarsitter van PAL GroenLinks yn Ljouwert. Dy wurket as lokaasjemanager by in asylsikerssintrum en is goed op ’e hichte mei lokale en provinsjale polityk.

De definitive kandidatelist wurdt op 24 novimber troch de leden fêststeld.

novimber 10, 2018 10:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.