Gemeente Ferwerderadiel nimt ôfskied

novimber 28, 2018 22:21

Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 giet de gemeente Ferwerderadiel op yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Nei goed 700 jier komt in ein oan in selsstannich Ferwerderadiel, ien fan de âldste Fryske gemeenten. Om stil te stean by dat histoarysk barren wurdt in tal spesjale aktiviteiten organisearre.  Ferwerderadiel hat twa dagen útlutsen foar it ôfskied.

Tongersdei 6 desimber 2018
De alderlêste riedsgearkomste fan de gemeente Ferwerderadiel. Dy begjint om 19.30 oere. De Kommissaris fan de Kening, drs. A.A.M. Brok, sil derby wêze as ôfskied nommen wurdt fan de sittende gemeenteried.

Freed 7 desimber 2018
Freed 7 desimber is fan 13.30-15.00 oere it gemeentehûs foar elkenien iepen en noch in kear te besjen. Yn de hal binne de winnende foto’s te sjen fan de fotowedstriid dy’t organisearre is. Dêrneist binne der kleurplaten te besjen makke troch de bern. Under de skoallen hat de gemeente in kleurplatewedstriid útskreaun. Yn de riedseal is in film te sjen oer histoarysk Ferwerderadiel en in film dy’t foarút sjocht nei de nije gemeente.

Betinkingsbeam Ferwerderadiel
Freed 7 desimber om 15.00 oere wurdt yn Ferwert in betinkingsbeam ûntbleate. In spesjale keningslinebeam ta oantinken oan de gemeente Ferwerderadiel. Dat is op it fjildsje oan de Hegebeintumerdyk.

Iepenbiere resepsje
Op 7 desimber is elkenien fan 16.00-18.00 oere tige wolkom yn MFS Het Spectrum yn Burdaard. Dêr is in iepenbiere resepsje dêr’t it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ferwerderadiel ôfskied yn nimt.

Kleurplatewedstriid
De jongste ynwenners fan Ferwerderadiel steane ek stil by dit ôfskied. De moaiste platen fan de kleurplatewedstriid wurde yn it gemeentehûs útstald. In saakkundige sjuery hat de ynstjoerings besjoen. De winners wurden 7 desimber bekendmakke.

Wa makket de moaiste foto fan Ferwerderadiel?
Ferwerderadiel libbet fansels fuort yn in protte foto’s, skilderijen en films. Fanwegen it ôfskied hat de gemeente in fotowedstriid organisearre. Wa makket de moaiste foto fan Ferwerderadiel? Fan dat iene bysûndere plakje? Fan dat moaie útsicht? Of in oar plak mei in nijsgjirrich ferhaal?

De winnende foto’s wurde printe op kanvas en útstald yn it gemeentehûs. In saakkundige sjuery hat de ynkommen foto’s beoardiele. De winner wurdt tagelyk op 7 desimber bekendmakke.

novimber 28, 2018 22:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*