Gedicht: Mei ús twaen

novimber 10, 2018 10:00 Fernijd

Mei ús twaen

Foto: pixabay.com

As jo trouwe, dan ha jo in doel foar eagen, in dream.
Jo begjinne mei jins twaen, omdat jo fereale opinoarren binne.
Alle omtinken foarinoar fansels, der is ek sa’n soart te ûnderfinen,
mar der komt ris in momint om te soargjen foar in neiteam.

It earste jonkje, wyt ik noch bêst, is berne op in snein,
It wie moai waar en de frou hie al efkes yn tarieding west.
Hja hie alles der klear foar stean, dus it koe mar komme,
sa’n lytse poppe, och wat wiene myn frou en ik optein.

It moast wol tige wenne, alles is dan noch sa lyts en tear,
en der hiel omsichtich mei om te gean, ’t is ek froulju’s guod, no?
Dy binn’ der ek folle betûfter yn en hja ha der ‘feeling’ foar.
Myn oare helte wie dêr goed yn, dus kamen der fansels mear.

Myn frou is och sa soarchsum foar ús bern, dêr is neat mis mei,
mar foar bern dy’t sels it bierglês allang nei de mûle bringe kinne,
giet it wolris wat te fier, ik seach it lokkich op tiid oankommen
en sei “Dat moat oars, frou, oars gean dy bern nea út ’e hûs wei.”

“Do moatst dy bern ris wat dwaan litte, opromje en ôfwaskje of sa.
’t Is goed foar letter, en efter de fodden sitte as se it net útfiere.”
No, it hat wol holpen, want hja woene letter wol graach út ’e hûs wei,
in eigen stee, ‘gearwenje’ sizze se, mar hja sill’ deselde dream wol ha.

Keardels binn’ it, hja nimme my sa ûnder de earm mei as hja wolle.
Se komme sa no en dan wer efkes op it âlde nêst ôf
en as hja dan ôfstutsen binne, is de kuolkast leech en it bier op,
it oanrjocht fol mei ôfwaskjen en draait it ús om yn ’e holle.

Wy fine it wol moai hear, as hja oankomme, mar as se fuort binne
is ’t ús ek wol goed. Dan kinne wy ús eigen gonkje wer gean
’t is no oars as yn ’t begjin fansels, jo kin ek net alles ha, no,
mar wy binn’ no meastal op ’t skik as wy mei ús twaen wêze kinne.

Sjoerd F. Talsma

novimber 10, 2018 10:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.