Gedicht: Boarstrok

novimber 24, 2018 09:37 Fernijd

Boarstrok

Foto: Wikipedia/pixelverve.com / lisinsje CC BY-SA 2.0

De dagen wurde koarter,
de kachel komt wer oer de flier.
We klaaie ús wat better,
it is de tiid fan ’t jier.

In waarme trui, in wollen broek,
it is mar hiel gewoan,
en as ekstra waarmtetekken
moat de boarstrok mar wer oan,

want beppes breiden boarstrok
beskermet jin tsjin rimmetyk,
tsjin alle wintersk ûngemak,
tsjin fûle kjeld en gryp.

Beppe dy breidet se
foar âlden en foar bern,
se binn’ fan prima kwaliteit,
fan it bêste ‘Scheepjes’-jern.

En alle âlde minsken
rinne hast sûnder stôk,
men seit, dat is gjin wûnder,
se drage beppes breiden rôk.

Yn ’t waskjen binn’ se ek maklik,
se drage harsels skjin.
Ien kear yn twa wike,
oars wurdt sa’n boarstrok tin.

Se binn’ sûnder resept te krijen
yn beppes apoteek.
Jo hâlde dokter bûten de doar
en bliuwe better op streek.

Reinder Posthuma
Wommels

novimber 24, 2018 09:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*