Geastlik heit fan Spider-Man en Hulk Stan Lee (95) ferstoarn

novimber 13, 2018 08:20

Ofbylding: Pixabay

De Amerikaanske skriuwer en stripauteur Stan Lee is ferstoarn. Dat hat syn dochter bekendmakke. Lee hie de ôfrûne tiid in swakke sûnens. Neffens Amerikaanske media is er moandeitemoarn yn sân hasten nei it sikehûs brocht, dêr’t er letter ferstoarn is. Stan Lee wie 95 jier.

Lee waard foaral bekend as de geastlik heit fan superhelden as Spider-Man, de Fantastic Four, Iron Man, de X-Men en de Hulk. Hy betocht ek, tegearre mei Jack Kirby, Black Panther. Syn namme is ferbûn mei Marvel Comics. Under syn lieding groeide de lytse útjouwerij Marvel út ta in grut en wrâldferneamd multymediakonsern, dat neist stripen ek tal fan spultsjes, films en searjes makket.

novimber 13, 2018 08:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.