Gaskraan iepen yn trije noardlike provinsjes

novimber 15, 2018 10:56

De NAM mei oant 2027 gas winne yn alve fjilden yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Minister Wiebes fan Ekonomyske Saken hat dêr grien ljocht foar jûn.

Foto: pixabay.com

It giet om it ‘winningsplan Westerveld’. De minister wol nei dy regio’s útwreidzje om’t op oare plakken de gaswinning weromdraaid wurdt en fanwege in nije risiko-analyze oer boaiemdelgong en ierdskoddings. De NAM tinkt út de nije fjilden 1,3 oant 3,5 miljard kubike meter gas te heljen. It measte komt aanst út de fjilden Eleveld en Vries-Súd yn Drinte.

De plannen lizze oant ein dit jier op besjen. Tsjin dat plan binne earder 950 beswieren yntsjinne. Bewenners, gemeenten en wetterskippen binne bang foar skea. Se freze ek dat, krekt as yn Grinslân, de ôfhanneling fan mooglike skeaclaims lang duorje sil. Ekonomyske Saken komt dêrom mei maatregels en betingsten. Sa moat de NAM fêstlizze wat dy docht nei eventuele ierdskoddings. En binnen in jier moat in tal ‘represintative’ gebouwen boukundich keurd wurde, sadat der ferlikingsmateriaal is.

De NAM kriget de opdracht sa gau mooglik mei de wetterskippen en ProRail te oerlizzen oer de mooglike gefolgen fan boaiemdelgong foar sleatten, wetterkearings en spoartunnels. Rûze wurdt dat de boaiem twa oant trije sintimeter sakje sil.

novimber 15, 2018 10:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.