Fryslân skoart goed mei Regio Deals

novimber 19, 2018 15:31

Minister Schouten fan LNV hat op 16 novimber bekendmakke hokker yntsjinne Regio Deals jild fan it Ryk krije. Fan de deals yn Fryslân binne dat  trije projekten.
Mei-inoar it om 25 miljoen euro foar it hiele Noarden. Mei de tasizzing kinne de projekten no útwurke wurde.

Deputearre Sander de Rouwe: “Fryslân hat acht foarstellen stipe. Us ynset hat west om foar safolle mooglik Fryske projekten finansjele stipe te krijen. Wy binne tefreden en sjogge de kar fan it Ryk as in ympuls foar Fryslân. Dit kabinet lit sjen dat it each én jild hat foar de regio. Wy geane troch mei it stypjen fan de deals dy’t no gjin jild krije. De enerzjy dy’t derfoar is, moatte we net ferlen gean litte!”

Trochgean mei alle projekten
De Regio Deal is it ynstrumint fan it Ryk om regionale knyppunten yn oparbeidzjen mei de regio oan te pakken. Yn dizze tranche is der foar hiel Nederlân 200 miljoen beskikber. Fryslân stipe acht projekten. Natuerynklusive lânbou en Krimp yn Noard Nederlânsk ferbân, Retail en Sirkulêre ekonomy yn lanlik ferbân en ta beslút Feangreide, Holwert oan See, Versnellingsaginda Noard East Fryslân en Wetterkampus mei de provinsje Fryslân.

De Rouwe: “It wie foarôf dúdlik dat net alle projekten jild krije koene fan it Ryk. Mar wy fûnen it stypjen fan dy acht projekten rjochtdwaan oan de enerzjy dy’t der yn de Fryske mienskip sit. Troch it jild fan it Ryk kinne we no mei faasje oan ’e gong mei trije fan dy acht projekten. Wy sille ús ynspanne om dy oare projekten ek fierder te bringen.“

Undertekening
Der begjint no in nije faze, dy fan it útwurkjen fan de projekten. Dat pakke de belutsen partijen út de regio en it Ryk allegear mei-inoar oan. It leit yn ’e ferwachting dat de deals yn de maitiid fan 2019 ûndertekene wurde.

novimber 19, 2018 15:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.