Fryslân rikt twahûndertste MKB-voucher út

novimber 19, 2018 15:46

Edwin Boonstra en Nynke Terpstra van Smout-Family yn Grou krije út hannen fan deputearre De Rouwe de twahûndertste MKB-voucher.

Yn it ramt fan de ‘Dei fan de ndernimmer’ – 16 novimer – gie deputearre Sander de Rouwe op bedriuwsbesite. It gie om it útrikken fan de twahûndertste MKB-voucher, it resultaat fan in finansiering oangeande Sirkulêre Ekonomy en in besite by in ynnovatyf metaalbedriuw. “De ûndernimmers yn Fryslân binne foar ús provinsje fan grutte wearde. Benammen foar de ekonomyske groei”, seit deputearre Sander de Rouwe.

De earste besite wie by Tolsma Tanks op It Hearrenfean. In fabrikant spesjalisearre yn it bouwen fan tanks foar boppegrûnse opslach. It bedriuw is dwaande mei it ûntwikkeljen fan nije ynnovaasjes, lykas lasrobotisearring. It  wol graach fierder útwreidzje. De Metaalunie organisearret mooglikheden om bedriuwen yn ‘e kunde komme te litten mei ynnovaasjes om dêrop yn te spyljen.

Yn it begjin fan de middei waarden Nynke Terpstra en Edwin Boonstra fan Smout-Family yn Grou troch De Rouwe ferrast mei de twahûndertste MKB-voucher: in bedrach fan € 2500,-. Sy brûke dat om in marketingstrategy te ûntwikkeljen. Smout is in nij Nederlânsk merk foar bern en harren âlden. Smout is in doaze mei ferrassende items, foar it bern dat krekt op ‘e wrâld is, makke fan duorsume materialen.

De lêste besite wie by Probo yn Dokkum. Dêr binne se folop dwaande mei ûntwikkelingen op it mêd fan sirkulêre ekonomy. Net allinne foar it ferminderjen fan de eigen ôffalstreamen, mar ek foar it op ‘e merk bringen fan eigen sirkulêre produkten. Dêrfoar hat it bedriuw in subsydzje fan de Provinsje krige. “It is moai om te hearren wat ûndernimmers mei de finansiering dogge en te sjen hoe’t se dêrmei trochgroeie”, seit deputearre De Rouwe nei syn besite oan de bedriuwen.

Noch oant de ein fan dit jier kinne ûndernimmers gebrûk meitsje fan de MKB-voucherregeling en de regeling foar Sirkulêre Ekonomy. In voucher foar it ynskeakeljen fan in ûnôfhinklik saakkundige foar bedriuwsûntwikkeling of in HR-beliedsplan. Of in regeling foar ûndernimmers dy’t in nij sirkulêr produkt of oar inisjatyf ûntwikkele hawwe en dat op ’e merk bringe wolle.

novimber 19, 2018 15:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.