Fryske sneldykblokkearders wolle yn heger berop

novimber 10, 2018 08:38

De Friezen dy’t feroardiele binne ta taakstraffen en selstraffen op betingst foar it blokkearjen fan de A7 by de Sinteklaasyntocht yn Dokkum ferline jier wolle yn heger berop gean. Dat skriuwe inisjatyfnimmer Jenny Douwes, de 33 oare demonstranten en ynsamler Robin van Prattenburg op Facebook.

Foto: pixabay.com

Hja wolle fia crowdfunding jild ophelje foar it finansierjen fan it heger berop. Yn in reaksje op de side skriuwe se dat de útspraak harren “behoarlik swier” falt. “Lykwols, de foarige pot is leech. It soe geweldich wêze, en faaks needsaaklik, om in grut bedrach op te heljen sa’t de advokaten harren kliïnten sa goed mooglik bystean en fertsjintwurdigje kinne.”

Opstokeljen
De rjochtbank yn Ljouwert feroardiele de fjirtichjierrige Douwes út Drachten freed ta 240 oeren taakstraf en in selstraf op betingst fan in moanne. Hja wurdt sjoen as it boechbyld fan de aksje en is skuldich fûn oan opstokeljen, om’t se oaren ta de sneldykblokkade oanset hat.

It grutste part fan de Friezen krige in taakstraf fan 120 oeren. Twa krigen in wurkstraf fan 200 oeren en in moanne selstraf op betingst, om’t se op de A6 bussen ôfsnien en tsjinholden ha. In oare blokkearder hat in wurkstraf fan tachtich oeren krigen. Dy straf is leger om’t er psychyske klachten hat.

novimber 10, 2018 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.