Fryske beweging: tige kritysk by besite advysrie oer nasjonale minderheden

novimber 17, 2018 12:02

LJOUWERT – Kommende wike sil in delegaasje fan de Rie fan Europain besite bringe oan Fryslân om nei te gean oft de lidsteat Nederlân him hâldt oan de ôfspraken dy’t yn it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden steane. De Fryske beweging (RFFB) is tige kritysk oer de ynspannings fan it Ryk. Benammen oangeande it ûnderwiis en de media wurdt neffens de RFFB lang net oan de ôfspraken foldien.

De RFFB sil benammen wize op it feit dat skoallen yn Fryslân sels, yn tsjinstelling ta alle oare fakken, bepale kinne oft se wat oan it Fryske dogge en sa ja, hoefolle. Dat liket de RFFB yn skril kontrast te stean mei it serieus nimmen fan it Frysk as taal fan de nasjonale minderheid.

De RFFB konstatearret dat yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer ôfpraat is dat it Frysk in lykweardich plak krije soe yn sawol de ‘tradisjonele’ as yn de nije media yn Fryslân. De praktyk is folslein oars as it giet om oare media as Omrop Fryslân. Gemeenten yn Fryslân soene yn har algemienens, mar by weryndielingen yn it bysûnder, mear each hawwe moatte foar de posysje fan de Fryske taal en kultuer. No’t der al in pear jier in Wet Gebrûk Fryske taal is, kinne gemeenten net mear om de wetlike soarchplicht hinne. De RFFB wiist dêrby op it rapport fan Dingtiid dat it tiid is foar ferbettering datoangeande.

Itselde jildt foar de mooglikheid fan it brûken fan it Frysk yn de rjochtbank. Alhoewol’t dat formeel mooglik is, konstatearret de RFFB dat de rânebetingsten (tink oan taalgebrûk personiel, griffy en rjochters, offisjele brieven ensfh.) net stimulearjend binne om abbekaten, ofsiers fan justysje, slachtoffers en fertochten oan te moedigjen om it Frysk te brûken.

De eksperts dy’t kommende wike yn Fryslân en Nederlân delstrike binne lid fan de Advisory Committee on the Framework Convention for the Protection of National Minorities. Der wurdt praat mei fertsjintwurdigers fan minderheidsorganisaasjes, minsken út de mienskip mar ek mei fertsjintwurdigers fan oerheden op lokaal, regionaal en ek Ryksnivo. It petear mei de foarsitter fan de Fryske Beweging is oankommende moandei 19 novimber pland tusken 09.45 en 10.30 yn Post-Plaza (Ljouwert). It lêste rapport oer Nederlân, dêr’t de omgong mei de Friezen ek wiidweidich yn oan ’e oarder komt, is fan 2013. Dat rapport wie neffens de RFFB ek al frijwat kritysk oer de hâlding en aksjes fan it Ryk.

novimber 17, 2018 12:02
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Eric novimber 19, 18:06

    What else is new? De Nederlânske steat makket him der mei in Jantsje fan Leien fan ôf. Slûge soe ek. Mar wat kin men deroan dwaan?

  2. Abe novimber 21, 13:43

    Net sa folle, Eric. Foar it Frysk wurde gjin sneldiken blokkearre. De emansipatware ynset foar de taal is yn ,,de Fryske identiteit” ynruile foar rurale trivialiteiten. It ,,jimmer moat ik smeulend hearre” is ynruile foar ,,donder op naar je eigen land”. De Telegraaf is de mjitstêf. Sechstich reaksjes op in kollumke oer tolerânsje, twa op dit berjocht. Foar de Ried fan de Fryske Beweging wat om oer nei te tinken.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*