Frysk damjen foar jeugdspilers yn jeugdhonk SieSa te Blauhús

novimber 19, 2018 15:49

Op ’e foargrûn toernoaiwinner Harmen Jacob Postma (l) tsjin Femke Dykstra, dêrefter Johan Gaastra (l) en Willem Kroon. – rjochtefrije foto DFS

Sneon 17 novimber wie der in toernoai Frysk damjen foar jeugdspilers te Blauhús. It wie in toernoai yn ’e fariant FRYSK!: Frysk Damjen mei elk mar fiif skiven.

Tongersdei 22 novimber is der in grut toernoai foar bern yn ’e basisskoalleleeftyd te Ljouwert. Omrop Fryslân is dan gasthear. Der wurde dan in sechstich bern ferwachte, mei ek in team út Italië.

Yn Blauhús wiene 15 bern kommen om foar dizze wedstryd te trenen. Der waarden acht omlopen spile, en der wiene prizen yn trije klassen: de C-klasse foar bern dy’t dit jier foar it earst damje, de B-klasse foar bern mei ien of twa jier ûnderfining, en de A-klasse foar bern dy’t op it punt steane te promovearjen fan de pupillen nei de jeugd.

Utslaggen:
1    Harmen Jacob Postma A (Waaksens)        7½
2    Willem K. Kroon A (Blauhús)        6½
3    Jorrit Frankena A (Blauhús)            5½
4-7    Marcus Kroon     B (Blauhús)            4½
Neeltsje Ykema B (De Gaastmar)
Watze Anne Postma B (Waaksens)
Johan Gaastra B (Kûbaard)
8-9    Jurre Jansen B     (Blauhús)            4
Maaike Kroon C (Blauhús)
10-12    Femke Dykstra C (Wommels)        3½
Wytse Wiegersma B (De Gaastmar)
Harm Brandsma C (Blauhús)
13    Nieke Ykema C (De Gaastmar)        3
14-15    Brecht Ykema C (De Gaastmar)        2½
Hiske Bos C (Wommels)

Yn de B-klasse waarden barraazjes spile tusken Marcus Kroon en Neeltsje Ykema (1-0) en Watze Anne Postma en Johan Gaastra (1-0), en dêrnei foar priis en preemje tusken Marcus en Watze Anne (1-0).

De priiswinners wiene dus:
A-klasse: Harmen Jacob Postma (earste priis) en Willem Kroon (twadd priis)
B-klasse: Marcus Kroon (earste) en Watze Anne Postma (twadde)
C-klasse: Maaike Kroon (earste) en Hiske Bos (twadde)

novimber 19, 2018 15:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.