Frysk by Fonteinen

novimber 25, 2018 19:40

De FNP yn Súdwest-Fryslân is ynnommen mei de tasizzing fan direkteur Oeds Westerhoff, direkteur legacy by de stichting LF2018, dat de tekst op de buorden by alle alve fonteinen aanstens der ek yn it Frysk op komt. Mar leafst seis fan de alve fonteinen steane yn Súdwest-Fryslân.

FNP-riedslid Douwe Blom: “De measte besikers komme hjir foar de kultuer; dan is it logysk dat se de Fryske taal ek meikrije.”  Omdat der by 11Fountains al in plan wie foar nije buorden, wurdt it Frysk no ien op ien meinommen. Der komme in protte minsken op de fonteinen ôf. Elkenien profitearret derfan. Douwe Blom: “Sa is bygelyks allinnich al yn myn eigen wenplak Drylts, nei de komst fan de fontein, it tal besikers oan de monumintale mûne yn de stêd ferdûbele.”

Wat de FNP yn SWF oanbelanget, komme de meartalige buorden der sa gau mooglik.

 

novimber 25, 2018 19:40
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Abe novimber 25, 23:44

    De fraach is: hoe kin it dat LF2018 soks sels net betocht hat doe’t de ynformaasjepanelen pleatst binne?

  2. Cor Jousma novimber 26, 14:43

    Ik tink dat ús mienskip te iepen is… Dan hoege sokke pommeranten nea oan de losse eintsjes te tinken.

  3. X. novimber 26, 23:29

    Sa kinst it taalbelied dochs nea serieus nimme? Setst buordsjes del yfm kulturele haadstêd, setst der net iens Frysk op. Ja, as moster nei it miel. Bespotlik.

  4. mbc84 novimber 27, 12:24

    Ingelsk, dát kin altiten wol. Mar Frysk? Och heden nee, dan stiet der tefolle ynformaasje en oare ferlechjes wurde dan betocht. Krekt sa’t X. seit, dat hiele kulturele haadstêd wie in Hollanner-feestje. Nearne haw ik mar in wurd Frysk op wat foar talige oantsjutting sjoen. Krekt of bestiet it net. ‘Se kinne dochs ek Nederlânsk of Ingelsk lêze’…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.