Froukje, foarsitter SC Hearrenfean Froulju

novimber 28, 2018 22:11

foto: fan Omrop Fryslân

Der steane hiel wat stânbylden yn Fryslân, mar wol folle mear fan manlju as fan froulju. Tiid foar in ynhelslach! Yn it programma Froulju fan Fryslân, tongersdeis om 17.45 oere op TV, wurdt der socht nei seis froulju dy’t wichtich binne foar de Fryske mienskip op watfoar manier dan ek. Ien fan dy froulju is foarsitter fan it frouljusfuotbalteam fan SC Hearrenfean: Froukje Hofma (It Hearrenfean).

Yn de ôflevering fan 29 novimber besiket Froukje de brûnsjitterij. Sy mei alfêst efkes by har boarstbyld sjen. Hoe is it foar dizze stoere frou om ynienen each yn each mei har wjergader te stean? De spylsters fan SC Hearrenfean Froulju hoegden der net lang oer nei te tinken: sy nominearren harren foarsitter Froukje. Sy set har mei hert en siel yn om it frouljusfuotbalteam op ’e kaart te setten.

Wa is Froukje?
Froukje is foarsitter fan SC Hearrenfean Froulju. Sy hat in dúdlike fyzje foar it frouljusfuotbal en emansipaasje yn it algemien. As frijwilliger is se altyd yn it spier foar de klup en op in pasjonearre wize belutsen by de spylsters, dy’t hiel wiis binne mei Froukje.

Fan ’t maitiid die Omrop Fryslân de oprop om Fryske froulju dy’t in stânbyld fertsjinje te nominearjen foar it projekt Froulju fan Fryslân. Ut mear as 200 nominaasjes binne seis froulju keazen dêr’t in portret fan makke wurdt yn film en yn de foarm fan in boarstbyld. Froulju fan Fryslân makket diel út fan LF2018. Hokker frou is sa bysûnder, wichtich of ûnmisber dat der fan har in echt boarstbyld fan makke wurde moat? En wêrom? Dat is alle tongersdeis te sjen om 17.45 oere by Omrop Fryslân op TV.

novimber 28, 2018 22:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*