Frâns Kuipers: Koade Oranje…

novimber 3, 2018 20:00

Kollum

Boargemasters slane aloan mear foar master op. Sy litte – boppe de partijen steand – publyklik wolris hearre hoe’t it fierder moat mei in gemeente. Dat bart it meast by it fuortgean of it krijen fan in boargemasterspost. Sa giet it net allinne yn Fryslân, mar oeral yn Nederlân. Logysk? Ja, want boargemasters binne ‘it gesicht’ fan in gemeente. Ynwenners kenne harren, moetsje harren en hawwe dêrtroch meastal in gruttere wurdearring foar in boargemaster as foar in gemeenteriedslid, wethâlder, steatelid, deputearre of keamerlid, ôfsjoen fan útsûnderingen. De measte politisy ferdwine út it sicht as se keazen binne. Efter de skermen besteegje se in soad (ek frije) tiid oan de mienskip. In gruttere wurdearring foar dy ‘politike frijwilligers’ is op syn plak, want hast nimmen wol sok wurk dwaan.

Oanhing
Wat oanhing út de befolking oangiet ferkeare politisy yn earmoede. In lytse twa persint fan de befolking is lid fan in politike partij. Ut dat lytse klupke leden komme (nije en sittende) riedsleden, steateleden en keamerleden op in kieslist te stean. Yn de measte gefallen wurde út dat lytse klupke wethâlders, deputearren, ministers en steatssekretarissen keazen. Koartsein: ús lân, ús provinsjes, ús gemeenten wurde troch in hantsjefol keazen politisy en/of beneamde bestjoerders ‘regearre’. Se binne feitliken ‘lekebestjoerders’, dy’t fan harren politike ‘hobby’ harren wurk meitsje koene.

Kader
By de gemeenteriedsferkiezingen fan gemeente Noardeast-Fryslân op 21 novimber oansteande docht bliken dat guon lanlike partijen lykas PVV, GrienLinks, D66, SP, PvdD dêr net oan meidogge. Reden: se hawwe gjin ‘kader’ yn de regio om mei te dwaan.

It wurdsje ‘kader’ is tige wichtich. Gebrek oan kader hat as oarsaak dat oeral yn Nederlân der mar in hantsjefol minsken ree is om harren út de polityk wei yn te setten foar de mienskip. Dêrtroch is der yn politike partijen net genôch kader te finen om mei foldwaande kennis en ynsjoch ‘knipende’ problemen op in goeie manier oan te pakken. Net om ’e nocht binne der in protte advys-organisaasjes om gemeenten by te stean. Dy groeie as koal. Saakkundigen en it amtlik apparaat bestjoere yndirekt de gemeenten.

Koade Oranje
De earste kloklieders yn Nederlân binne Fons Naterop (CDA), boargemaster fan Aalburg (13.131 ynwenners), Astrid Nienhuis (VVD), boargemaster fan Heemstede (27.134 ynwenners) en Miranda de Vries (PvdA), boargemaster fan Etten-Leur (43.498 ynwenners).

Boargemasters fernimme dat eigen bestjoerskader net altyd op alle mêd saakkundich is, want de measte bestjoerders wiene yn it ferline ‘gewoane’ boargers, mei in baan as boer, sjoernalist, garaazjehâlder, mkb’er, skoalmaster, wolwêzenswurker, dosint of sa. Guon hawwe wol in hegere oplieding op universiteitsnivo, mar dat seit net sa folle oer harren bestjoerlike kwaliteit.

Op dit stuit slane trije boargemasters út ûnderkate partijen op ’e tromme. ‘Koade Oranje’, is harren antwurd op it gebrek oan saakkundigen sawol yn gemeenterieden as yn gemeentebestjoeren. Dat gebrek hak faak harrewarderij yn it iepenbier as gefolch. Dêr hat de mienskip de mage fol fan en wurdearring fan de befolking foar it politike wurk is dan ek fier te sykjen.

It doel fan Koade Oranje is om saakkundigen út de mienskip sûnder politike bining meiwurkje te litten oan it betinken, fêstlizzen en útfieren fan (takomst)plannen, ensafierder. Dus ophâlde mei it sykjen fan saakkundigen by Old Boys Networksgroups. Dat is in saak om notysje fan te nimmen!

Wurdearring werom bringe
Wat de trije kloklieders dwers sit is it gebrek oan wurdearring fan de befolking foar syn eigen bestjoerders. De oarsaak is te min ‘oanhing’ fan politike partijen. Dochs drage de ‘net breed droegen’ politisy yn koälysjeferbân ferantwurdlikheid foar wat der wol of net barre mei yn de eigen gemeente of provinsje. Sa wurket dat op lanlike skaal ek.

De trije kloklieders binne fan betinken dat politisy net foldwaande by steat binne om de krekte oplossingen te finen foar wat op it stuit net goed (genôch) giet yn de eagen fan de befolking. Dat wurdt sa ek sa belibbe yn sosjaal-maatskiplike organisaasjes as sûnenssoarch, ûnderwiis, thússoarch, wurk ûnder beheinden en neam mar op. Kranten skriuwe der hast alle dagen oer. Nijs- en praatprogramma’s foar de telefyzje en de radio geane ek faak oer politike missetten.

Foar de neamde kloklieders is it no de heechste tiid om op ’e tromme te slaan. Sy litte sjen dat it oars moat en dat it oars kin, sûnder harren eigen partijen oan of ôf te fallen. It giet harren om goeie plannen foar (nije) wurkgelegenheid, (nije) technology en ynnovaasje. Soks kin net sûnder wittenskip, ûnderwiis en bedriuwslibben. Politisy sels binne meastal net by steat om soks te betinken; se binne dêr net foar oplaat. Dat is gjin skande. Mar politisy mei fyzje, kinne – mei subsydzjes – hiel goed nij belied yn gong sette! Net aloan yn deselde fiver fiskje, fansels.

Sil Koade Oranje op termyn ek oanslaan yn Fryslân? Neffens Piet Hein Donner (CDA) komt alles goed as politisy minder belove dan hja wier meitsje kinne. Fuort mei de Ferkiezingsprogramma’s?

novimber 3, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Democriticus novimber 3, 23:41

    Hear Kuipers redenearret typysk út syn politike eftergrûn en besteande ynstituten en struktueren wei. Sjoch ris nei wat der yn Tubbergen bart: demokrasy fan ûnderen ôf!

  2. Ekoed novimber 4, 16:54

    Broer Frans.
    Begjinne no ris mei “iepen en earlik”, dat soe al hiel grut ferskil jaan kinne!! Dat is neffens my wichtiger dan oeral “kennis”fan te hawwen……Bygelyks de “geheimhalding” oer de kommende wynmûnen by Hiddum-Houw docht de belûtsen ynwenners dúdlik te koart en lit sjen dat uze proveensjebestjoerders gjin inkele moeite mei ha om NET iepen en earlik te wezen en dermei it Grutte Kapitaal alwêr te stipjen!!!!

  3. HJW novimber 4, 18:11

    As jo it noch begripe? No, ik net en dochs haw ik in gedegen oplieding hân en oer de eftergrûn mei ik ek net kleie.

  4. Frans novimber 4, 20:22

    Hear HJW,
    In goeie oplieding haw ik ek, mar soks is net itselde as wiisheid! De kearn fan myn Kollum is dat d’r binne de polityke partijen keazen wurde moat út mar in hantsjefol leden. Dat betsjút net dat hja allegear in goeie oplieding of ynsjoch of fyzje ha op wat de tn de praktyk fan alle dagen spilet. Lês it stik nochris oer en betink dit gegeven d’r by. It binne trije boargemaster dy’t dit fine; ik lis Ot allinne mar in bytsje breder út

  5. Frans novimber 4, 20:23

    Ot is it!!

  6. Johannes novimber 7, 11:52

    It is al hiel nijsgjirrich as der in Kollum foar It Nijs skreaun wurdt. Ik lês it mei niget en fernuverje my wat in minske dwaande hâld.
    De weryndelings fan gemeenten soene de gemeenten better te behearskjen wêze en saakkundige bestjoerders en riedsleden oanlûke. No sa wurket it net yn ‘e polityk. Út en troch komt er ien better boppe driuwen en makket der wat fan. Yn ‘e Waadhoeke binne it deselde amtners, riedsleden en wethâlders as foarhinne. De wethâlders binne heal nij en ek wer twa âlde. De nije wolle in soad, mar de praktyk en rigels binne dreech. De âlde wethâlders gean gewoan fierder sa as sy altiten dien hawwe.
    Der giet mear jild yn in gemeente oer de tafel en it kin samar wêze dat der dan noch fergriemt wurdt. Myn ûnderfining is dat de wethâlders folle mear mei de boargers dwaan WOLLE, mar noch net dogge. Sy moatte earst los komme fan it âlde. Wy as boargers moatte harren de tiid jaan, dat sy harren oanpast hawwe. Polityk is krekt as in Kollum-skriuwer in hartstikkene moai fak.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.