Framing

novimber 25, 2018 19:57

Framing is it skansearjen fan jins tsjinstander troch it jaan fan suggestive, kleurde ynformaasje. In sterk foarbyld dêrfan sjogge we yn it ynstjoerd stik fan Rimmer Mulder (LC 16 novimber), dy’t as bekend net folle hawwe moat fan de Fryske kultuer yn it algemien en Frysksinnigens yn it besûnder.

Hy besiket yn syn bijdrage in link te lizzen tusken de blokkear-Friezen, dy’t er hiel suggestyf de Bende van Jenny Douwes neamt, en rjochtsektremisten as Wilders, Bosma en Wagenveld, dy’t nei Ljouwert ta kamen om harren te mingen ûnder de demonstranten op it Saailân by de rjochtsaak. Krekt as soene de blokkear-Friezen dêr wat oan dwaan kinne! It ûntbrekt der noch mar oan dat er seit dat Wilders c.s. persoanlik útnûge waarden…

Fierder besiket Mulder op fileine wize in link te lizzen tusken Frysksinnigens en rasisme, troch te skriuwen: “net als vorig jaar na de blokkade was er weer die onverholen afkeer van landgenoten met een andere culturele achtergrond.” Dat soe dan blike  moatte út it feit dat der mei in Fryske flagge swaaid waard. De blokkearders hawwe neat tsjin op minsken mei in oare kulturele eftergrûn, mar alles op rânestedsjers dy’t miene ús, mear as sechstich jier nei Kneppelfreed, de wet foarskriuwe te moatten. Dat de foaroardieling fan de blokkear-Friezen klassejustysje neamd wurdt is neffens Mulder te witen oan in “ernstig vertroebeld wereldbeeld”, sûnder út te lizzen dat it dochs wol nuver is dat foar soartgelikense blokkaden de wetsoertrêders frijsprutsen waarden. Ik bin bang dat hy (en syn bûnsmaat Hospes út Balk] just dejingen binne dy’t lije oan in “vertroebeld wereldbeeld”.

Jehannes Elzinga – Frjentsjer

novimber 25, 2018 19:57
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Eric novimber 26, 15:43

    Goed stik! Krekt sjoernalisten soenen witte moatte hoe’t framing stridich is mei objektive berjochtjouwing en mei in nuansearre fisy. It doel fan framing is swartmeitsjen, in foarm fan ûnrjocht bedriuwen.

  2. greate redbad pier novimber 27, 01:06

    is hjir gjin frysk wurd foar ramting

  3. Kerst Huisman novimber 29, 13:58

    In kreas stik fan Jehannes Elzinga yn de Ljouwerter Krante fan hjoed. It is framing wat Rimmer Mulder dien hat, seit Jehannes. Hy bedoelt faaks wol itselde as ik, mar is wat foarsichtiger. Ik siz rûnút: mei wat de âld-haadredakteur fan de LC dien hat, bewiist er noch himsels, noch de LC in tsjinst, en it is ek noch karaktermoard op Jenny Douwes. En omdat ik poerrazen bin om dat bûtenproporsjonele fûnnis dat oer har útsprutsen is en om soksoarte skriuwerij as Jehannes folslein terjochte ûnder de hite lampe fan syn terjochte krityk set, bin ik begûn te kuierjen. Mei in sandwichbuord om mei de tekst: Jenny Douwes moat FRIJ sprutsen wurde. Ferline wike freedtemoarn bin ik begûn yn Harkema, it doarp fan Jenny, en nije wike wol ik wer, earne dêr yn de omkriten. En dy kuiertochten yn alle mooglike oare doarpen dêr wol ik – mei ûnderbrekkingen fansels, want ik haw ek noch ferplichtingen yn it bysûnder tsjinoer famylje – folhâlde oant it heger berop yn de hjerst fan 2019. En oeral dêr´t ik kom mei minsken yn petear gean en elkenien dy´t it mei my iens is, te freegjen in freonlik briefke, briefkaartsje of oansichtkaart nei Justysje yn Ljouwert te stjoeren, mei dêrop yn it Frysk of it Nederlânsk de tekst dy´t op myn buord stiet. Of wat oars mei deselde strekking.

  4. Abe novimber 29, 15:36

    Moai, dat skeelt ús in soart ûnsin ûnder mear op dit plak.

  5. Abe novimber 29, 15:36

    soad

  6. Johannes novimber 29, 19:13

    Goed stik fan Jehannes, mar wy hawwe it selde wurd yn ‘t Frysk: Frame betsjut ramt. It wurdt brûkt om oan te jaan dat je yn in hoeke tinke, sjogge, dus in nijmoadrich wurd, negatyf bedoeld.
    “Framing” yn ‘t Ingelsk, “Rough timberwurk of a house”.”Frame thus constructed”.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*