FNP hat noed oer ferplichte asbestsanearring

novimber 1, 2018 12:00 Fernijd

Ut de media fernaam de FNP dat de Twadde Keamer besletten hat dat alle asbest op dakken yn it hiele lân op syn lêst op 31 desimber 2024 sanearre wêze moat. De FNP-steatefraksje hat dêr skriftlike fragen oan Deputearre Steaten oer steld.

It docht bliken dat minsken finansjeel yn ‘e knipe komme, trochdat it relatyf in soad jild kostet om asbest te sanearjen. Op Omrop Fryslân telefyzje (23-10-2018) wie in ynterview te sjen mei in húshâlding dy’t sa’n 100.000 euro nedich hat om alle asbest ferwiderje te litten. Dat kinne se net opbringe. De sanearring yn fazen út te fieren soe in opsje wêze kinne, mar foar de measten sil dat om de sinteraasje fóár desimber 2024 net slagje.

De FNP-steatefraksje wol fan Deputearre Steaten witte oft der in mooglikheid is om de lege subsydzjepot fan de regeling “Asbest er af, postcoderoos er op” wer oan te foljen en dy net inkeld foar gruttere agraryske bedriuwen ta te passen. De FNP freget him ek ôf oft der genôch kwalifisearre personiel is om dy grutskalige asbestsanearring út te fieren. Om in goed byld te krijen fan it probleem is de ynventarisaasje fan asbestdakken yn Fryslân nedich.

novimber 1, 2018 12:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.