Flower Power Merk groeit

novimber 14, 2018 07:36

Ynformaasje & ynspiraasje foar in duorsume, sûne en kleurrike libbensstyl

Wa’t him ynformearje en ynspirearje litte wol oer in duorsume, sûne en kleurrike libbensstyl, kin snein 18 novimber terjochte op de Flower Power Merk yn Keunstesintrum Atrium yn Snits. Dat is in merk mei lêzingen en wurkshops oer (h)earlik (lokaal) iten, ruiljen, dielen & reparearjen, natuerlike sûnens, grien & sels(foarsjennend) oan ’e slach en kreative & kleurrike libbensstyl. De merk is iepen fan 11.00 oant 17.00 oere.

Foto: Aliette Miedema

Op ’e merk kin men hearlik sneupe, ynspiraasje opdwaan en winkelje. Der is fan alles te finen, lykas trendy hânmakke produkten, vintage, kleurrike ûntwerpen en alternative klean, eigensinnige sieraden, berneklean en assessoires, natuerlike fersoargingsprodukten, (vintage) wenassessoires, en oar hip duorsum guod. Men kin ek in massaazje nimme, ynsjoch krije yn jins horoskoop of yn ’e kunde komme mei byldhouwen.

Dêrneist kin men meidwaan mei ferskate wurkshops. Sa kinne besikers miljeufreonlike kearsen meitsje, leare oer in natuerlike EHBO, mei-inoar hake, in rainstick meitsje fan beareklaustingels, lêzingen bywenje oer de hieljende krêft fan hynders en bachbloesems, makramékeatling mei edelstien knoopje, in fielstientsje meitsje, sied, planten, klean en boeken ruilje, kreatyf oan ’e slach en genietsje fan de sfear út de Flower Power-tiid.

Foto: Aliette Miedema

By de Flower Power Merk spilet Erik Ankoné fan 15.00 oere ôf mar leafst trije sets. Erik is in besiele muzikant, dy’t syn hert yn elts liet stoart. Syn blues- en folklietsjes bouwe op de tradysjes fan de ienfâldigens fan de blues en it ferheljende fan folkmuzyk. Syn nûmers bestean út eigen wurk en tradisjonele ferskes – dy’t yn in eigen jaske stutsen binne.

Praktyske ynformaasje
Adres: Keunstesintrum Atrium, Ald Tsjerkhôf 11, 8601 EE Snits. Yntree: fjouwer euro foar folwoeksenen (mei koartingsbon del te heljen fia de webside), oant tolve jier fergees yntree. Iepeningstiden: 11.00 oant 17.00 oere.

novimber 14, 2018 07:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.