Finansjele tebekset foar Waadhoeke yn it sosjaal domein

novimber 1, 2018 07:00

Begjin oktober presintearre de gemeente Waadhoeke in begrutting mei in posityf saldo fan goed € 1,3 miljoen. Fan ’e wike moat it kolleezje fan B&W de gemeenteried in ‘winstwarskôging’ jaan op it mêd fan it sosjaal domein. De berekkeningen wize út dat yn 2019 € 1,9 miljoen mear nedich is as ferwachte waard. Mei ûnder mear de opboude reserve fan it sosjaal domein kin de gemeente dy ôfaller dochs opfange.

De ferwachte tebekset wurdt foaral feroarsake troch maatregels fan it Ryk, ferhege tariven en in tanommen tal kliïnten op it mêd fan WMO en Jeugdsoarch. De gemeente hold al rekken mei grutte ûnwissens yn it sosjaal domein, dy’t direkte finansjele gefolgen hawwe koe. No wize de earste foarriedige berekkeningen út dat miskien wol € 1,5 miljoen mear nedich is. Dêrby is ek oankundige dat de gemeente € 0,4 miljoen minder kriget yn it gemeentefûns.

Yn totaal moat de gemeente dus dekking sykje foar in ôffaller fan € 1,9 miljoen. Dêr wurdt it posityf saldo fan de begrutting (€ 1,3 miljoen) foar brûkt, oanfolle mei € 0,6 miljoen út it budzjet Unfoarsjoen struktureel. Op dy wize kin it kolleezje fan B&W noch hieltyd in slutende begrutting oanbiede. Yn de mearjierrebegrutting kin de gemeente rekkenje mei in posityf saldo oprinnend nei 1 miljoen yn 2022.

De gemeente sjocht no kritysk nei de kosten yn de begrutting fan it sosjaal domein. Mei de oare gearwurkingsgemeenten wurdt ûnder mear ynventarisearre hoefolle kliïnten oft by de Tsjinst Noardwest Fryslân in yndikaasje op it mêd fan jeugdsoarch hawwe en hoefole én hokker soarch oft dy nedich hawwe. Dêrneist besjocht it gebietsteam fan de gemeente oft de help dy’t de kliïnten krije goed op maat is of te swier. Yn it lêste gefal soe de spesjalisearre help ôfskaald wurde kinne.

De gemeente Waadhoeke is net de iennichste gemeente dy’t wrakselet mei in ôffallende begrutting yn it Sosjaal Domein. Dêrom wurdt ek op provinsjaal nivo aksje ûndernommen. Sosjaal Domein Fryslân foarmet in wurkgroep dy’t ynsjoch krije moat yn de kosteûntwikkeling op it mêd fan Jeugdsoarch.

novimber 1, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.