Filmfestival op Flylân: ‘Een lekker gevoel’

novimber 28, 2018 07:56

Poadium Flylân presintearret: de smaaklikste feelgoodfilms

In romantysk reiske by Frânske toprestaurants del, in wynboer besiket it famyljedomein te rêden, in trêteur nimt in wat te grut karwei oan, in snoade sakeman bout in flaubytympearium op en in goed ferhaal oer leafde en pjisktaart.

Foarútrinnend op de krystdagen keas Poadium Flylân foar leafhawwers fan smaakfolle sinema, lekkerbekken en libbensgenieters de lekkerste feelgoodfilms fan de ôfrûne jierren út, fan in kulinêr drama oant in smaaklike komeedzje. De films sille koart ynlaat wurde troch filmsjoernalist Adwin de Kluyver.

De films dy’t draaie binne: Retour en Bourgogne, The Founder, Labor Day, Paris Can Wait, C’est La Vie en in ferrassingsfilm.

Freed 14 desimber 2018, oanfang 19.00 oere
Sneon 15 desimber 2018, oanfang 10.30 oere
Snein 16 desimber 2018, oanfang 11.00 oere

Freed 21 desimber 2018, oanfang 21:30 oere
Sneon 22 desimber 2018, oanfang 12.00 oere
Snein 23 desimber 2018, oanfang 11.00 oere

Sjoch op de webside fan Poadium Flylân foar mear ynformaasje.

novimber 28, 2018 07:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.