Feie Fonyk: De ‘anti-vaxxersecte’

novimber 1, 2018 12:00

Ik skrok doe’t ik ôfrûne saterdei de foarside fan de Volkskrantbylage ‘Sir Edmund’ seach. Der stie in sidegutte foto fan in pjut mei de tekst: “Wel of niet prikken. Valt er iets te zeggen voor de bezwaren tegen vaccineren”. Soe dy anty-vaksinaasjesekte it dan dochs safier krigen hawwe dat sels de sjoernalisten fan dy krante oantaast binne yn harren sûne ferstân?

Gelokkich is dat net it gefal. Stik foar stik waarden de oertsjûgingen besprutsen fan de lju dy’t tsjin it intsjen fan bern binne. Dat binne fiif: “Se fersteure de natuerlike ûntjouwing, se binne nearne foar nedich, der geane elts jier fiif oant tsien bern troch faksinaasje dea, se meitsje groanysk siik en se sitte fol mei giftige stoffen”. It Volkskrantdossier bespruts eltse oertsjûging op wiidweidige wize mei ferwizing nei de wittenskip dy’t op dit stuit foarhannen is.

Dochs sille guon âlden harren bern net intsje litte, tink ik. Wy hawwe te krijen mei in hieltyd lytser wurdende groep fan Biblebelt, lju dy’t leauwe dat alles fan de Heere Heere komt en dat men jin tsjin Syn yngripen net fersette moat. Ik gean der fierder net op yn, omdat ik it net begryp. Men moat meilijen hawwe mei minsken dy’t mei in part fan harren wêzen noch efterlike opfettingen út de midsiuwen hawwe. Lykwols net wat auto’s, iphones en oare moderne wolfeart oangiet.

Op de oare groep minsken dy’t tsjin is of twivels hat, kriget men mei it lêzen fan it grutte artikel aardich sicht. Door Frankema, de foarfrou fan de Stichting Vaccinatie Vrij kin yn it petear mei de Volkskrant har triennen net betwinge. Neffens har wol de wittenskip net nei har harkje. De ferslachjouwer konstatearret dat sokken as frou Frankema tige dreech binne om te bestriden. Se kinne goed it wurd fiere en hawwe oer it generaal in hege skoalle-oplieding hân.

De faksinaasjegraad wurdt troch sokke healwizelingen gefaarlik leech.

Wat moatte wy no mei de opfettingen fan de minsken dy’t har liede litte troch emoasjes yn stee fan troch harren ferstân. In foarbyld dêrfan jout Ellen Vader, in oar lid fan deselde stichting: “Ik baseer me liever op de (vaak schrijnende) ervaringsverhalen van de ouders in plaats van die kille cijfertjes. (…) Wij kennen die kinderen, wij hebben de ouders gehoord.”

Myn konklúzje is dat wy hjir mei in sekte te krijen hawwe en dat it gjin doel hat om mei harren yn diskusje te gean. Dat doch ik ek al jierren net mear mei Jehova’s tsjûgen. No is dat oer it generaal ienfâldich folk, dy’t in soad dingen boppe it ferstân giet. Dat is by de ‘antivaxxers’ net it gefal.

Der is neffens my mar ien oplossing en dat is de Italiaanske. Bern dy’t net inte binne tsjin guon sykten meie net nei de kresj en net nei skoalle. Yn Nederlân waard intsjen tsjin de pokken yn 1823 ferpliche. Doe’t yn 1901 de learplicht yngie, moasten de bern it pokkebriefke sjen litte foar talitting op skoalle, oars kamen se der net yn. Us regear soe dy faksinaasjeplicht op ’e nij ynfiere moatte. Dat hoecht miskien net foar eltse sykte, mar wat no bart is net ferantwurde. De faksinaasjegrins wurdt troch sokke healwizelingen gefaarlik leech. Aanst hat ien fan harren bern polio en dan sille sokken as dy healwize Door Frankema mei rjocht de triennen yn de eagen krije.

 

novimber 1, 2018 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.