Feie Fonyk: Compiègne

novimber 11, 2018 14:33

Fjouwer jier lyn, yn de simmer fan 2014, wie ik in pear dagen yn Parys. De Bibliothèque Nationale, de nasjonale biblioteek fan Frankryk oan de Seine, hie dy simmer in tentoanstelling oer it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch: Été 1914. Les derniers jours de l’ancien monde“ (Simmer 1914. De lêste dagen fan de âlde wrâld). Oan ’e hân fan kranteberjochten, affysjes en foto’s waard in oersjoch jûn fan de simmer fan 1914 fan dei ta dei. Bygelyks fan de earste krante mei it berjocht dat de Servyske nasjonalist Gavrilo Princip op 28 juny 1914 in oanslach dien hie op Frans Ferdinand en syn frou yn Serajevo. Dy simmer rekke Europa yn ’e brân. Op 3 augustus ferklearre Dútslân de oarloch oan Frankryk.

Ik haw Remarque syn Van het westelijk front geen nieuws net lêzen, mar wol Het lied van de loopgraven fan Sebastian Faulks. Dat boek kaam út yn 1993. Ik lies ek fan Stephan Hertmans Oorlog en Terpentijn út 2013. Beide boeken beskriuwe dy grouwélige oarloch

Mei dy kranteberjochten, foto’s en oersjoggen op dy tentoanstelling realisearre ik my doe pas mei hoe folle gemak oft tûzenen jonge manlju de dea yn stjoerd waarden. It is noch altyd ûnbegryplik dat der gjin grutte arbeidersopstân útbruts. Like goed fyn ik it ûnbegryplik dat de Dútske keizer nei de oarloch syn dagen yn Nederlân yn frede slite koe. Hjoed hûndert jier lyn, op 10 novimber 1918, waard er hjir as flechtling opnommen en oant juny 1941 hat er by Huis Doorn de dagen trochbrocht mei houtkappen. Hy leit der ek begroeven en syn lêste winsk wie dat er net earder nei Dútslân werombrocht wurde soe as dat wer in keninkryk wie.

It soe goed wêze dat al dy lju dy’t sa sangerje oer de Europeeske mienskip har ris ferdjipje soene yn dy ferskriklike Earste Wrâldoarloch.

No werom nei de simmer fan 2018. In dei nei de besite oan de tentoanstelling bin ik mei de trein nei Compiègne reizge. Bist der mei de intercity yn in lytse fjirtich minuten. Op de fyts fan it stasjon nei it Wapenstilstân Museum nimt in lytse healoere. Dêr, yn de bosken fan Compiège, stiet de wagon dêr’t op 11 novimber 1918 om 11 oere moarns de wapenstilstân tusken Frankryk en Dútslan tekene waard.

Yn deselde wagon waard op 22 juny 1940 op ‘e nij in wapenstilstân tekene troch beide lannen. No net mei Frankryk, mar mei Dútslân as oerwinner. De wagon waard yn deselde simmer oerbrocht nei Berlin en dêr yn it sintrum by de Brandenburger Poarte grutsk tentoansteld. Yn 1944 waard de wagon nei Thüringen ferfierd, fanwegen de bombardeminten en letter doe’t de oarloch al hast ferlern wie, troch de SS yn ’e brân stutsen.

No stiet der fan 11 novimber 1954 ôf in replika en is der in tentoanstelling oer de Earste Wrâldoarloch. Der sil moarn in soad omtinken jûn wurde oan Compiègne, it Museum fan de wapenstilstân en de wagon. Der is de lêste jierren in soad gesanger oer de Europeeske Mienskip en alles wat oars moat, of misgiet. It soe goed wêze dat al dy lju dy’t sa sangerje har ris ferdjipje soene yn dy ferskriklike Earste Wrâldoarloch.

Hurdegaryp, 10 novimber 2018

De foto komt fan Le mémorial de l ‘Armistice, nommen 11 novimber 1918 yn de bosk fan Compiègne. Op de foargrûn maarskalk Foch en twa Britske offisieren.

 

novimber 11, 2018 14:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.