Fedde Schurerlêzing 2018

novimber 15, 2018 10:25

Fedde Schurer (foto: Tresoar)

De Ljouwerter Krante hat ferline wike in oprop dien om te reagearjen op Ljouwert kulturele haadstêd. Wat fûnen de lêzers derfan en moat der op de ien of oare wize ek in ferfolch komme? In tal reaksjes fan lêzers sille ein dit jier publisearre wurde.

Itselde ûnderwerp stiet dizze kear sintraal by

de jierlikse Fedde Schurerlêzing op 8 desimber.

 

Mei Ljouwert Kulturele Haadstêd as aktualiteit, hâldt prof. dr. G.T. (Goffe) Jensma in lêzing mei as titel:

Millennial mienskip. Fryske taal en kultuer nei 2018

In reaksje sil jûn wurde troch mr. S. (Sjoerd) Feitsma, wethâlder fan Ljouwert.

Prof. dr. G.T. Jensma is histoarikus en sûnt 16 july 2008 heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde oan it Frysk Ynstitút fan de Fakulteit der Letteren fan de Ryksuniversiteit Grins (RUG). Mr. S. Feitsma is sûnt jannewaris 2014 PvdA-wethâlder fan Ljouwert. As wethâlder is hy ferantwurdlik û.o. foar kultuer en foar Ljouwert 2018 kulturele haadstêd en wat dernei komt

De muzikale bydrage wurdt fersoarge troch Welmoed Poelstra út Hallum. Se wie ôfrûne maitiid ien fan de priiswinners fan it Prinses Christina Concours.

Nei de beide Frysktalige lêzingen is der romte foar fragen en diskusje. De middei wurdt ôfsletten mei in hapke en in drankje.

Jo binne fan herten wolkom.

De gearsit fan 8 desimber wurdt holden yn Tresoar, Boterhoek 1 yn Ljouwert. It programma begjint om 14.30 oere (ynrin fan 14.00 oere ôf).
De tagong is fergees. 
Wol graach opjefte op info@tresoar.nl of 058 – 789 07 89.

novimber 15, 2018 10:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*