Fan papier stekke jo mear op as fan in skerm

novimber 19, 2018 23:39

Foto: Morguefile

Minsken dy’t in tekst op papier lêze, stekke dêr mear fan op as minsken dy’t deselde tekst op in skerm lêze. Dat skriuwt it wittenskipswebstee Kennislink. It webstee ferwiist nei ûndersyk fan de Spaanske wittenskipper Pablo Delgado. Dy hat 54 ûndersiken út in grut tal lannen mei-inoar ferlike. Dêr die út bliken dat it tekstbegryp by saaklike teksten op it skerm in stik leger is as út in boek. Dat ferskil tusken de beide tekstdragers wurdt boppedat hieltyd grutter.

Perfester Adriaan van der Weel fan de Ryksuniversiteit Leien docht ûndersyk nei lêsfeardigens. Hy seit: “Je zou verwachten dat de kinderen van nu, die worden grootgebracht met schermen, schermen serieuzer nemen dan ouderen, die ze soms nog onwennig als een alternatief voor papier beschouwen. Maar het omgekeerde is het geval. Alle mensen – ook jongeren – associëren schermen in toenemende mate met snel en oppervlakkig.” Van der Weel tinkt dat dat komt trochdat skermen benammen foar dingen brûkt wurde dy’t om oerflakkich omtinken freegje, lykas filmsjen en spultsjes dwaan.

Minsken wolle it net altyd wêze dat skermen gjin goede tekstdragers binne. Skoallen wolle graach tablets brûke, om’t dat ‘modern’ is en learlingen oerskatte harren eigen lêsfeardigens. Van der Weel seit dat soks ek maklik kin: “Op papier controleer je voor je de pagina omslaat of je hebt begrepen wat er staat, maar als je op een scherm door een tekst scrolt, denkt je dat je dat niet steeds hoeft te checken. Je gaat er – vaak ten onrechte – van uit dat het wel goed zit.”

Neffens Van der Weel is it wichtich dat boeken yn gebrûk bliuwe, mei’t learlingen dy nedich binne om te learen om mei omtinken te lêzen. Lêsfeardigens freget om konsintraasje, geduld en dissipline, sa seit er. Dat moat oefene wurde. Hy wiist derop dat bern dy’t in soad boeken lêze teksten op byldskermen in stik better ferwurkje kinne as bern dy’t minder lêze, mar in soad kompjûterspultsjes dogge.

Klik hjir om it stik op Kennislink te lêzen.

novimber 19, 2018 23:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.