Faksinaasjewegerders krije útnûging foar petear

novimber 20, 2018 10:49

Alden dy’t harren bern net ynintsje litte wolle, krije in útnûging foar in petear by de Jeugdsûnenstsjinst (JGZ). Steatssekretaris Blokhuis hopet dat se dan op oare gedachten brocht wurde kinne. Sa moat it weromrinnen fan de faksinaasjegraad opkeard wurde.

Foto: pixabay.com

De petearen wurde fierd troch profesjonals dy’t der spesjaal foar traind binne. Hja sille freegje nei de redenen wêrom’t de âlden harren bern net ynintsje litte wolle. Dêrneist jouwe se objektive, wittenskiplike ynformaasje oer faksinaasjes. Op it stuit is 90,2 persint fan de twajierrigen yn Nederlân yninte tsjin slimme sykten as mûzels, polio en kinkhoarst. Sûnt fjouwer jier sit Nederlân ûnder de grins fan 95 persint dy’t de Wrâldsûnenstsjinst (WHO) as feilich hantearret.

Ferline jier sakke de faksinaasjegraad mei likernôch in persintpunt. In hege faksinaasjegraad komt tefoaren dat in firus foet oan ’e grûn krije kin yn in regio. Eartiids wiene it foaral ortodokske grifformearden yn de ‘biblebelt’ dy’t harren bern om reden fan it leauwe net faksinearje lieten. Tsjintwurdich binne der hieltyd mear sekuliere âlden dy’t tinke dat ynintsjen mear kwea as goed docht. Se tinke dat faksinaasjes autisme feroarsaakje, of se binne fan miening dat harren bern op in ‘natuerlike’ wize wjerstân tsjin sykten opbouwe moatte. Der is gjin wittenskiplik bewiis foar dy sjenswizen. In spesjaal tiim sil aktyf wjerwurd biede oan dy net-juste ynformaasje.

Blokhuis sil ek jongelju oanskriuwe dy’t fan hûs út net, of net folslein faksinearre binne. As se âld genôch binne om sels te beslissen, fan sechtjin jier ôf, krije se in oprop om de prippen fergees yn te heljen.

novimber 20, 2018 10:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.