Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (42)

novimber 24, 2018 07:34

Se sjogge al, mar begripe net

Genêzing fan in bline (ikoan)

Lju dy’t ferslach útbringe oan ’e autoriteiten sykje my op. Se wolle dat ik in wûnder doch. Se wolle in teken fan God sjen.
“Sjoch om jim hinne”, sis ik, “it is in wûnder dat alles wat der is, ek echt bestiet. Men rint yn it wûnder, men sykhellet it wûnder, men yt it wûnder, men drinkt it wûnder. Sûnder God soe alles net bestean. Hy is de Hear fan ’e Uneinichheid en jit út ’e Hoarn fan ’e Oerfloed de universa, dit hielal, dizze sinne en dizze planeet. Begripe jim dat?”
Se hâlde fol dat se in teken sjen wolle. Mar in teken krije se wiswier net te sjen.

De lju bringe in blineman by my en freegje oft ik him de hannen oplizze wol. Ik nim him by de hân mei ta it doarp út, fier by de ferslachjouwers en har neipraters wei. Op in iensum plak reitsje ik syn eagen mei flibe oan en lis him de hannen op.
“Sjochst al wat?” freegje ik.
“Ik kin no minsken sjen, mar it liket as sjoch ik beammen omrinnen.”
Ik lis nochris de hannen op syn eagen en dan sjocht er skerp. Ik sis tsjin him:
“Gean net werom nei dat doarp.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
novimber 24, 2018 07:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*